Mids jierren fyftich . De winkels fan Bandsma, Buren, Schaper, Lautenbach, Bonsma, van Loon, Strikwerda en v/d Veen.

YN PETEAR MEI: UILKE LAUTENBACH

Der sille yn Tsjummearum net folle minsken wêze dy ’t Uilke Lautenbach net kenne.
Aldere Tsjummearumers heucht it grif noch dat er eartiids winkelman west hat.
Mar ek de jongerein of lju dy’t hjir nij ynkommen binne' witte fêst wol wa't er is, as je sizze dat er nêst in lege winkel wennet yn 'e Buorren.
Jo sjogge him yn'e keamer omskarreljen of al smokendewei, mei in pypfol tabak, yn 'e stoel sitten.

Uilke Lautenbach is berne op 10 septimber 1904 yn Tsjummearum.
De Lautenbachs komme fan oarsprong,sa't je ’t ut é namme wol opmeitsje kinne, út Dútslân, mar al sûnt de16de ieu hawwe se har yn dizze omkriten nei wenjen set.

Uilke is berne yn it hoekhûs op nr 55 yn 'e Buorren.
(neist de motorsaak fan Sijtze Kolthof), as soan fan Sieds Lautenbach, kleanmakker fan berop en berne yn 1856.
L: Us heit gong doe't er in jier of 13 wie, oerdeis nei de boer en jûns nei de ,Avondschool' yn'e Lytse Buorren (âld earmhûs) om b te learen.
Hy is doe yn 'e Buorren fallen op 'e stoepe.
Dêr waard yn dy tiid net genôch omtinken oan jûn, in dokter wenne der doe yn Tsjummearum net iens, dat sadwaande is de knibbel stiif wurden en moast er tenei op krukken rinne.
It boerewurk koe er doe net mear dwaan en dan wiene der noch mar twa manieren om oan 'e kost te kommen: skuonmakker of kleanmakker wurde, It waard it leste.
Yn 1905 binne se ferhuze, se kamen oan 'e oare kant fan ‘e Buorren te wenjen, se kochten it huske, dêr Steven Smits wennet op nr.58.
Dêr wie't dat syn âlden in hiel lyts winkeltsje begûnen.
Se ferkochten earst allerhande lytsguod: hoazzen en sokken, letter waard de hannel útwreide mei manufaktueren.
Lapen waarden oan 'e jellen (el) ferkocht, foar bygelyks skelken.
Ek krudenierswaren hannelen se yn' kofje, tee en tabak.
It heucht Lautenbach noch dat syn mem ek wol mei de koer rûn hat, se naam de lytse Uilke, dy't iennichst bern wie, wol mei.

L: It sil om 1910 hinne west hawwe, doe’t ús mem mei de koer mei tekstylguod by de klanten del gong.
Dat hat lykwols net salang duorre.
Yn 1916 ferhuzen se nei it pand dêr wer neist (stiet no leech, âld bibleteek).
se hiene dêr wat mear romte.
Twa toanbanken kamen der yn 'e wnkel, ien foar de manufaktueren en ien foar krudenierswaren.
It berop fan de heit gong meastal fan heit op soan oer, dat sadwaande kaam Uilke automatysk yn it winkelfak telâne.
Uilke wie wol aardich sportyf oanlein en de typyske Fryske sporten die hy graach oan mei: ljeppe, reedride, aaisykje, keatse.
As er it in bytsje rêde koe, klom er yn 'e heechste beammen.
Keatsen waard eartiids al in soad oan dien yn Tsjummearum.
Lautenbach wit noch te fertellen dat de lju yn it begjin fan dizze ieu faak midden yn 'e Buorren keatsten.
De blinen gongen dan ticht om de rúten te sparjen.
Dat it keatsen yn dy tiid dochs noch wol in sport wie dy't hearde by de merke en dêrom by it net-kristlike part fan it doarp Tsjummearum, docht wol bliken út it folgjende ferhaal fan Lautenbach, dy't sels op 'e kristlike skoalle sitten hat, dy 't yn 1906 achter de grif.tsjerke kommen wie.

L: Ik sil in 14 jier west hawwe, doe't der in Freulepartij holden waard, dêr't Tsjebbe de Jong en Gerryt de Vries oan meidwaan soene.
As tredde maat woene se my graach mei hawwe.
Dêrom die Tsjebbe syn heit, dy't postkantoarhâlder wie foar Ale Travaille, in loop nei ús heit om tastimming te freegjen.
Mar it waard in fergese loop, it gong net troch, om’t ús heit it net lije woe, alhoewol 't it op woansdei wie en net iens op snein.
Dat gong allegear bûten my om, ik wist fan neat en bin der in jier of 5 letter earst achterkommen.
Lautenbach kin him noch goed yn 't sin bringe dat twa doarpen yn Barradiel merkedoarpen wiene en 'reade' doarpen neamd vaarden: Winaam en Tsjummearum.
Yn 1928 troude Uilke mei Froukje Veldhuis, berne yn 1906.
De jongelju namen de winkel fan Uilke syn âden oer,dy ’t doe nei de Lytse Buorren ferfearen.

L: It pJak, dêr't no myn húskeaner is, wie earst yn hannen fan Pyt Keuning, dy't smid wie yn 'e Lytse Buorren.
Dy syn heit hie it pand al yn 1892 kocht.
Om 1900 hinne, doe't de fytsen yn opkomst wiene, waard yn it foarste diel in grut rút makke en brûkt as toanseal.
Der hawwe ek wol twa húshâldingen yn wenne foar en achter.
Yn 1934 doe 't wy It oankochten wie it in pakhûs.
Yn dyselde tiid is Pyt Keuning ferhúze út 'e Lytse Buorren wei nei it pand yn de Buorren, dêr 't letter Zwalua wenne hat (no Rienks fytshannel).

Hiene syn âlders op't lêst in soartemint bazar, dêr’t hja messen, hierkammen. ansichtkaarten, pipen, manufaktueren ensfh. ferkochten, Ullke hold sa stadichoan allinne de krudenierswaren oer.
Foar it lytsguod krigen se it te drok.

L: BLauwe broeken en kilen ferkocht ik ek noch wol, dat wie de dracht doedestiids yn 'e bouhoeke.
Ek dútske lekkens (flanel) hiene wy woL, wite lekkens rekken op in bepaald stuit út 'e moade.
Uilke gong der oerdeis op ú t om te suteljen, wylst Froukje har mei de winkel rêde.
Dat suteljen gong yn it begjin mei de auto, dy 't er yn 1930 al oanskaft hie.
It wie in lúksewein, dêr 't de kessens úthelle wiene.
De auto wie folladen mei allerhande guod, lykas bussen, kisten en blikken.
In rekje wie oanbrocht, dêr't ek wer spullen op stean koene.
Uilke sels siet op 'e benzinebak.
De jûns derfoar waard al it guod weage en ynladen, de oare deis sutele er it spul dan út, net allinne yn Tsjummearum, mar yn 'e fiere omkriten.
Sweins, Peins, Spannum, it Bildt, oeral hied er syn klanten,dy't trouwens meastentiids fan Tsjummearumer ófkomst wiene.
Yn 1940, it begjin fan de twadde Wrâldoarloch bruts der wer in hiele oare tiid oan.
It kaam foar Lautenbach net alhiel finferwachts:

L: Ik wit net, mar ik fielde wol, oan dat it oarloch wurdesoe. Ik haw doe benzine hamstere en ferburgen yn 'e grûn by de braakhokken yn'e Kamp.
Sa haw ik oant july '41 trochride kinnen, dêrnei wie it dien, net om't de benzine op wie, mar it foel tefolle op as jo dan noch yn 'e auto rieden, want wêr krigen jo dy benzine wei?
Tabak hie ik ek genóch, ik bin der de hiele oarloch net trochkommen, en sjippe haw ik ek noait sûnder sitten, ik ruile op't lêst ek wol sjippe mei ús heit foar hinnen.
Ik moast my ek melde foar de Arbeitseinsatz sa’t dat hjitte, je koenen dan nei Drinte ta te putsjeskeppen.
Mar ik melde my net, ik tocht by mysels: dêr moat ik net hinne.
Doe't de oarloch dien wie, gong Lautenbach fuort te suteljen op 'e brommer, mei in koer achterop.
In autokaam der net wer, want Uilke hie syn rydbewiis ferrinne litten.
Unwennich hat er dêr net fan sest, de gruttere kriten hat er trouwens nei '4I ek net wer dien, hy bleau tenei yn Tsjummearum en Furdgum.
De húshâldinq hie him sa troch de jierren hinne aardich útwreide.
Uilke en Froukje hiene in grutte, mar fleurige húshâIding.
Dochs hie har libben ek in skaadkant.

L. Fan ús njoggen bern hawwe wy twa ferlern.
Ien jonkje is mar njoggen moanne wurden, hy stoar oan longûntstekking.
Us fanke Baukje is yn maart 1945 fedronken, doe’t it wetter heech stie.
(yn ,e feart by de Kade lâns, yn ,e eardere bocht).
Se wie dêr mei har freondintsje Dineke, in dochterke fan dûnny Skelhaas, oan't boartsjen en rekke doe yn ‘e feart.
De nammen fan 'e fjouwer soannen en trije dochters binne: Sieds, Grada Maria, Gryt, Johannes, Idzerd, Jacob en Boukje.
Oan 'e ein fan de fyftiger jierren sleat Lautenbach him oan by in grutte organisaasje, en waard syn winkel in centra winkel.
Yn 1959 hat it hiele pand plat west en waard it op ,e nij opboud.
Yn 1967 stoar syn frou Froukje, hja wie doe noch mar 60 jier.

L: Doe't nyn frou 50 jier wie, krige se sûkersykte, doe is it lijen begûn.
Faak hat se yn it sikehus lein.
wat wie't oars in bêste frou, ek foar de winkel.
Soan Johannes soe ynearsten de winkel oernimme, mar hat dêr letter dochs fan ôfsjoen.

Yn 1968 is Lautenbach mei de winkel opholden, hy is saneard om't der doedestiids fierstentefolle middenstân wie (22, de lytsen ek meiteld).
De winkel hat doe noch 11jier bibleteek west, dêrfoar wie de bibleteek yn ,it lokaal', dêr't de boeken yn in stiknannich kasten opburgen wiene.
Wêr't Lautenbach it measte grutsk op is, is op syn bern.
Se koene allegear goed leare en binne goed teplak kommen, harren heit is dêr hiel tankber foar.
wit Lautenbach noch in aardige anekdoate te fertellen?

L . It wie mei de Alvestêdetocht yn 1963 en hiel kâld.
Ik bin mei de brommer oer it iis gongen, op nei Trimolen.
Dêr kaam ien oanskarreljen, it gong net sa hurd, dy man hie yn 'e wyn en hie fansels al in aardige loop hân.
Hy bleau by ús stean en sei: ik soe myn fuotten en earms wol even strekke wolle, mar wol graach droech bliuwe.
Der lei oeral snie.
Hy seach nei myn learen jas. Ik vivele al wat, ik hie noch wol in jas derûnder, mar it wie hiel mal waar.
Ik hoech mar even te lizzen, sei de man doe, dat wie ek sa, want it gong hinne.
Letter haw ik noch in brief fan Reinier Paping krigen,want. sa: hiet de man, om my te bedanken.
Dan is it tiid om ôfskie te nimmen fan dizze man, dy’t noch sa'n soad dingen út it fiere ferline wit te fertellen.
It ferline, dat foar Uilke Lautenbach al hast in ieu lyn, yn 'e Buorrert fan Tsjummearum, begûn is.

April 1996
Ynterview: Geartsje vanDyk.