Om 1900 hinne.
Understeande neffens Jan de Beer út St.Jabik, hij wie in soan fan Gerben de Beer en Jantsje Lettinga.
De skipperij noch yn folle fleur: 8 skippen mar eventsjes, en dan is de beurtsnikke dér noch net iens bij die at trije kear yné wike nei Harns,Frjentsjer en Liauwert fear,alles op’e wyn of loekende en kloetsjende as de wyn net gunstig wie.
De turfskippers dat wiene greate Tseerd Hylkema, Gerrit Doorneveld of Gerrit Hoatses sa as hij ek wol neamd waard, Sies Keuning en dan ek noch in Teakema.
As dy leste it waerm iten op hie krige it hûntsje ek syn part.
Mar dat beesje moast dan earst wol even efter de pet.
Noch sjoch ik him sitten op syn efterpoatsjes de foarpoatsjes foarút,en de pet sawhat heal op de kop ûnder taforsjoch fan de knecht.
En dan yn de maitiid kamen de strontskippers opsetten mei hjar skûtsjesfol wekke feedong ut’e greidhoeke.
Under hjar wie ek in Hiemstra út Wergea mei syn skûtsje “oeral thús”.
Dy komt ek yn Hielke Speerstra syn boek foar Heil om seil.
Déryn giet it oer in hurdsilerij, Hiemstra koe ek noch meidwaen mar dan moast hij al opsjitte.
Doe’t de silerij ofroen wie seag it der bij Hiemstra yn’e roef net moai út.
Yn de haast hie hij ien ding fergetten om der út te setten,sa’n ding mei ien ear.
Mar der soe hij ek net om treure,je binne strontskipper as je binne it net wie syn kommintaer.
Ja as je Hielke syn boek leze dan moat it barre dat je minsken kinnen hawwe.
Dat wie allegearre noch yn de tiid dat de wyn of de minske sels noch éénersjie leveren.
What haw ik die skippers dér wol wrotten sjoen bij de brégge fan it âld hynstespul.
At se der hast net troch hinne koene,kaam dat apperaat foar op it skip fan pas, dan woennen se hjar der troch en stie ús stalt wéras wij ús smoarge klean útspiele koene ,meastal frij what út it lead.
Onderstaande gaat over uitspraken van Gerrit Hotzes Doorneveld.
Als ze iets willen aanprijzen, dan zeggen ze in huize De Beer nog vaak: Moaije giele Jiske, frou.
Want dat zei Gerrit Hotzes altijd als hij met een monster turf langs de deuren ventte.
Jan de Beer herinnert zich ook, dat hij eens met de turfschipper mocht meevaren.
Het was een warme dag en de melk werd zuur.
Maar Tetsje, de schippersvrouw, kookte er toch pap van.
Het zag er niet al te smakelijk uit, maar Gerrit Hotzes zei: Dit is sûpenbrij met Bûter. En hij at er met smaak van.
‘s Avonds in Sint.Japik aangekomen maakte de schipper een wandeling door het dorp en ontmoette een oud-Tzummarumer, een zekere Dijkstra.
Toen die hem vroeg hoe het de turfschipper verging, zei Gerrit Hotzes:
Mei my giet it best, want als ik om mij henen zie, wat zie ik, ik zie de aarde waarop al de mensen wonen en al de huizen staan en alles kan ik vergenoegd aanschouwen.
Wel, en hwat wolle jo noch mear ?

Bron: verhalen van Jan de Beer.