“De âlde skipper “
===============

Sweijend mei syn greate earmen,
Swalke de âlde oer de dyk.
De jierren hiene him al tekene,
It gebiente sakke al hwat bryk.

Hja wierne noch sa moaij togeare,
Memke en hij en wolsa ryk.
Mei flyt in eigen húske garre,
Yn ‘e buorren oeral lyk

By de hjerst, dan gyng de skipper
Stéfêst nei de feanen ta.
Dat die d’r ek al mannich jierren,
Hwant elk dy moast Jierrappels ha

It skipke, wie in fjitich touner,
Lade hij meastal hast to sink.
Hwant namstomear koe d’r fortsjinje
De earmoed lichte faek de klink.

Nei dagen yn ‘e line lûke,
Lei hij dan syn boatsje fêst.
It lange lichum troch it rûfke,
En joech him noflik yn it nêst.

De oare dei, dat wie gewoante,
Gie hij nei dûmny en Pestoar.
Brocht dêr dan, fan de bêste reade,
Hij frege d‘r gjin sinten foar.

Sneintomoarns, dan sei de herder,
Broeders, zusters, wist U het al.
Dorenveld is aangekomen,
En ligt bij ons weer voor de wal.

Hij heeft ons nu ook niet vergeten,
Voor iedereen is er wat bij.
Het zijn weer, hele beste piepers,
Van de goede Friese klei.

Yn de feanen wie ek honger,
Hij wie opslach de ierpels kwyt.
It wiernen faek net fan de beste,
Mar elk hie wol in goed gebyt.

En wêr hwat dagen letter,
Lei Mûle dan wêr foar de wâl.
de bêste bagler turven,
Foar in pryske, net sa mâ1.

Bránje moast men dochs wol hawwe,
Elkenien hie wol forlet.
Mei ryk’lik turven op ‘e souder,
Skou’dre men de winter net.

Mei de koerren op ’e karre,
Skoude hij de buorren lâns.
Skippers wiene sterke minsken,
Yn it sjouen hiel hwat mâns.

Op it hiem stie meast de karre,
Men loege dér de koerren fol.
Alles by trep op sjoue,
Wie faek mar in smoarge brol.

It tellen gie meast wol hwat hastich, Soms it wyfke efter ‘t rút-
Al gauw saech dat deâlde skipper,
En rôp bigryplik, Jo kat dy naeit der ut.

Hij koe op ‘t lêst syn âlde klanten
Brocht mannich brànje troch de doar
Hwat ek de minsken fan hím tochten
Syn wyfke, dy gie altyd foar.

Altyd sei er lûd oertsjûgend,
Gyng men soms oan him foarbij.
Heb je me voor, ik vind het heerlijk,
Heb je me tegen, wat mitert my dij.
Turf, jierrappels en de skipper,
Bin allang ta stof bisteld.
It forhael dat is histoaryk,
De man dy hat it sels forteld.

Tsjommearum, Foarjier 1979.
J.H.Westra.