Foarwurd

Jo witte faak wol, wer’t jo mei begjinne; mar hoe fine jo de ein?
No sa is it ús ek gien.
Op in dei yn de neisimmer fan 1994, setten wy fleurich útein.
Wy hiene de euvele moed om in Video-bân te meitsjen fan de boerepleatsen en gerniershúzen yn it âlde Barradiel.

Wy ha him makke; mar op it ein, Do’t wy him ôfdraaiden, ha wy him tagelyk wer ôfkard.
De bylden fan de wyn en it autoferkear bedoar it gehiel nét in bytsje.
Ek ús kommentaar, dat wy derby makken hâlde net oer.
Wy skamje ús derfoar om dizze miskleun yn it iepenbier sjen te litten. De muoilikheden kamen, do’t ús foarsitter oppere, dat der ek wat skiednis by moast.br> Dat hat makke, dat it in skoft duorre hat, foardat it klear kaam.
Mar no leit it dan foar jim.

Yn it orizjineel binne de foto’s yn kleur.
It kopiearjen fan kleurfoto’s kostet goed fjouwer gûne it stik; dat soe fierstentefolle kostje en derom is it swart/wyt wurden.
Wy moatte wol bekinne, dat as wy net fan in hiel protte minsken, tefolle om hjir op te neamen, help en ynformaasje krigen hienen, it nea klear kommen wie.
Minsken út it âlde Barradiel en der bûten hawwe ús tige stipe.
Us tank derfoar.
Dan noch, der’t wy feitlik mei begjinne moatten hienen; de reden fan ús krewearjen, dat wie de gedachte dy’t by ús opkaam om de neiteam sjen te litten, hoe’t ien en oar der yn de ein fan dizze ieuw yn Barradiel útseach.
Wy hoopje, dat de lêzers hjir in protte nocht oan belibje meie.

Easterbierrum; K.Swart

Harns; G.Vogel (âld Minnertsgeaster)

Oktober 1996