Colkesyl Minnertsgea
Wy begjinne ús rûngong op Colkesyl; it plak, der’t eartiids de grietenijen: Menameradiel, It Bildt en Barradiel byelkoar kamen.
Wy geane de Hearewei lâns, de dyk dy’t eartiids de ienichste ferbining foarme tusken dat punt en Tsjummearum.
As earste treffe wy it bedriuw fan André Faber, dy’t hûsnûmer 4 hat op de Moaie Peal.
Foarhinne wenne hjir syn heit Rein Faber.
Derfoar syn pake Jacob Faber, dy’t troud wie mei Sietske, dochter fan Hendrikus Joukema en Tryntsje.