Lyts Hemana fan foaren en fansiden.
Lyts Hermana, boud troch ien fan it útstoarne slachte fan de Hermana’s.
It fererve nei de fam. Camstra en letter kaam it yn hannen fan de fam. Van Echten.
In dochter út dizze famylje troude mei, de út Rotterdam ôfkomstige Carel Emilius Elst Baron Collot d’Escury (syn foarâlden wienen as Hugenoaten út Frankryk flechte).
De foto ’s binne fan in peartekeningen, dy’t makke binne troch Eelke Eelkema, dy’t de famkes tekenles joech en in skoft op “Lyts Hermanna” tahâlde.
De Baron wie de Maire en letter Grietman fan Barradiel.
Nei syn ferstjerren hat de State in jiermannich leeg stein en om’t de erven it net iens wurde koenen en leaver jild hienen as guod op ôfbraak ferkocht.