De Mole is yn 1945 ôfbrutsen.
Om op de Moledyk te kommen, geane wy foar it âlde Stasjon lâns en slaan de Lange Dyk yn.
Op foto no.A stiet foar de Mole in hûs mei in hok.
Dit stie op’e wal fan de Mole-opfeart, dy’t mei de ruilferkaveling tichtsmiten is.
Yn dit hûs, bewenne troch twa húshâldingen, hawwe yn de Frânke tiid, Dûanelju sitten, dy’t der op tasjen moasten, dat der mei it nôt gjin slûkhannel barre koe en dat de belestingen betelle waarden.