Fam. Hessel Miedema Miedleane 3.
Dizze Stjelp stiet wat omheech oan de Miedleane.
Hy docht wat nijmoarderich oan; mar Hessel is al fan de tredde generaasje.
It spul is bouwe litten troch pake Hessel, dy ’t earst yn ‘e Mieden wenne op it spul fan syn skoanheit Johannes Boersma.
Hessel Sr. waerd opfolge troch syn soan Johannes Miedema en no sitte Hessel en Rinske der al jierren.