Fam. A.Tilstra Haitsmaleane 4.
Dit spul stiet tusken Haitsma-State en De Lange Schuur.
Jierrenlang ha Iede Westra en Aaltje hjir tahâlden .
Iede wie earst bakker; yn syn tiid koe men , as men in pear sinten hie, frij maklik boer wurde.
Nie Iede kaam syn skoansoan Abe Tilstra,dy ’t mei syn dochter Pietje troud wie.
No wenje hjir in soan fan Tilstra mei syn húshâlding.
Taheakke: Iede Westra krige in kear besite fan Dûmny, dy sei, dat men leauwe moast as Petrus, dy ’t oer it wetter rûn.
Iede sei: ho is it mei jo?
Dy sei:lykas Petrus.
“Dan mar efkes oer de Melier sei Iede.