Fam. A.Dusselaar Miedleane 19.
Lange jierren hat Marten Gratema hjir wenne mei syn húshâldster Tjitske Kroese.
In pûr best minske; mar de maklike kânt it neist.
Hja hie it fetpântsje en de oare itensierderspannen foar it kammenet stean.
Foar en nei ha der ferskate húshâldingen yn dit betreklik lange hûs wenne.
Yn de oarloch 1940-1945 û.o. Fokke de Haan mei syn húshâlding; hja hienen yn dy tiid in jong joadsk famke as ûnderdûker.
Willem Tulner en Griet Bos ha der ek in skoftsje tahâlden en foar safier bekend ek in famylje Boomsma.