Dhr. W.G.Hoekstra Stasjonsstrjitte 15.
Dit hūs is net boud as Gerniershūs.
Jarich Wetterauw boude it foar himsels yn 1911.
Nei ’t Jarich letter nei de Tsjillen ferhśze, kaam Jan Vrieswijk hjir te wenjen.
It begūn der wat op te lykjen, dat it yn de agrarische sector komme soe; want Jan wie ierdappel-keapman, mar dy ferhśze nei Kampen.
Nei him hat de famylje Kas Bruinsma, de āldste soan fan Jan Bruinsma, dy ’t op Haitsma-State buorke, hjir wenne.
Ek Abe Cornelis, skoalmaster, hat hjir in skoft tahālden oan ’t hy yn Kubaard beneamd waard.
Syn opfolger yn dit hūs wie Teake Oberman, āld bakker, dy ’t it oer die oan syn skoansoan Gosse W. Hoekstra, dy ’t aerdich wat lān brūkte en no dan Wietse Hoekstra, dy ’t śt tiidferdriuw noch wat lān brūkt.