Fam. van Ulden W.Binnemaleane 12 (Haerda).
De Noardkant fan Haerda.
Do ’t P.B.Winsemius perbeare om de rjochtsomgong fan Minnertsgea te rekonstrearjen, siet er sa’t er sels ek skriuwt tangele mei dit âlde stee.
It pâst yn de rjochtsomgong, dy ’t by Lyts Hemana begjint mei de sinneomgong; mar wie foar him hiel muoilik te pleatsen.
Dochs hat it in Stimdragende pleats west, dy ’t yn 1690 yn besit wie fan Jan Jans.
Letter is it grif yn hannen kommen fan de fam, Sixma, dy ‘t ‘de bourlju wienen.
It is foege by wat no: Sixma van Andla State is.
Lange jierren is it yn gebrûk west as arbeidershs fan Sixma.
Foarhinne wennen hjir û.o. de famyljes: Gosse Vogel, Jelle Vogel, en Wietse Boersma.