Easterbierrum De teksten by de foto’s fan Easterbierum binne fan de hear: s.Andringa.
It begijint oan de Seedyk (Koehoal).

Fa. G.Andringa Seedyk 1 Easterbierrum.
Dizze stjelp stiet der al sûnt 1907.
Derfoar, dat is ek op ‘e âldste Kadastrale kaart te sjen, stie der in pleats mei derfoar in dwars foarein; op nei de Seedyk.
Yn 1907 is dy pleats ôfbaarnt mei swier waar yn febrewaris.
Yn 1897, dus benei 100 jier lyn,is de pleats troch myn Pake Sybe Harms Andringa, mei help fan syn beide bruorren op in boelguod oankocht en wennet der noch altiid de fam. Andringa.
Derfoar wenne fam. Steenmeyer der; mar dy koe it net hâlde en doe moast it Bedriuw ferboelguodde wurde.
De stjelp stiet, lyk as in hiel soart pleatsenyn Noard-Fryslân, op in Terp en dermei wat beskerme tsjin soms wat hege wetterstanden.
Yn 1907 is dy terp wat ôfgroeven en is de modder; der wurdt wol sein fan in laach fan in meter, yn de froegere westlike grêft kroade.
Foarhinne moasten der altiid 2 hynders foar in wein mei strie om yn de skuorre ride te kinnen.
Dan daliks in stien of blok hout efter it tsjil; want oars ried de wein der wer út.