Fam. J.Jukema Haerdawei 44 “Haerda-State”
De Pleats, midden yn it lān, tusken de Hoarnestreek en de tsjintwurdige Haerdawei yn.
Op dit plak, wie de eardere Haerda-State mei in opfeart ferbān oan de Easterbierrumer fiskersfeart.
No bewenne troch de fam. Jan Joop Jukema; foarhinne Roel Seerps Bruinsma.
Roel Bruinsma koe it yn ien fan de foarige minne tiiden net bolwurkje en hat it buorkjen der oan jūn en is nei Frjentsjer ferhįze, der ’t er in Administraasje-kantoor begūn.
Roel Bruinsma wie ien fan de earste boeren, dy ’t in traktor-Fordson mei izeren tsjillen oanskafte.
Mar it ploegjen mei in traktor op ekers foel net mei.
Wol wie der in skema śtdoktere, sadat men mar ien kearyn de safolle ekers in kear oer it ploege lān hoechde te riden; mar der moasten altiid twa man by; ien om de traktor te stjūren en ien om de ploeg te betsjinjen.
De lźste man hie it net sa maklik, want de 2e fersnellingfan de traktor wie nochal wat hurder as dat hynders mei it ploegjen rūnen.