Fam. L. Visser Haerdawei 14.
Dit wurdt no bewenne troch L.ieuwe Visser, mei noch in pear stikken lân der by, dy ’ t brûkt wurde foar skieppeweide.
Men kin it hast net iens mear as Gernierspultsje besjen.
Foarhinne waard it bewenne troch Jan Swart, tige doof; mar dy ’t dochs de streek op wie as agent foar Turkenburg ’s Zaadhandel.
As hy dan op gleed wie beheinde it gesprek him net allinnich ta grientesieden; mar wiene de tsjerklike en politieke ûntwikkelingen ek oan oarder.