Fam. R.G. Wijngaarden Dr. J.Zijlstrakeane 17.
Dan oan de súdkânt fan it doarp noch in pleats, foarhinne en no soms nochwol””oan de Wijngaardens reed”.
Dizze pleats sil al wol langer by de fam. Wijngaarden yn eigendom wêze: Leendert en Siep wennen der en ik tocht foarhinne syn heit ek al.
Oan de besteande landerijen is ek net folle feroare en dat wiist wol op regelmatich gebrûk.

Sa hawwe wij nou de pleatsen om it doarp Easterbierrum hân; binne ta oan d.e pleatsen fan Kleaster-Lidlum.
As de streek ek letter bewenne is as it gebied om de doarpen, is mij net bekend.
Sjoen it feit, dat it Kleaster der al letter kommen ís, soe it it gefal wêze kinne.
Der binne alteast 2 ferhalen dy ’t der op tsjutte, dat it Kleaster earne oars wei, benoarden Easterbierrum/Tsjummearum oerbrocht is nei in wat súdliker oarde, nei wat dan nou as Kleaster-Lidlum oanjûn wurdt.
Yn: de Historie gaat door het eigen dorp” wol A. Algra der op út, dat it eardere Kleaster oan de Kapellewei stien hat, op, of by it plak der’t de eardere izerfitterij stien hat; mar yn hoefier dat yn in oare omskriuwing fertelt wurd, dat it Kleaster folle tichter by de Seedyk stíen hat; bíj Koehoal, is neffens mij net fierdere stúdzje makke .
Wol wurdt as oarsaak fan it feroarjen sein, dat men tefolle lést fan heeh wetter hie.
It âldere ferhaal wol ha, dat de muontsen yndertiid “om 1162 hinne, dy’t doe fanút it Kleaster har ynsetten om de Seedykte ûnderhâIden, tefolle lêst fan bij tiden heech wetter hienen en doe beslueten om it Kleaster wat fjirder it Iân yn te bringen.
Nou moatte wy der wol om tinke, dat wy net in te grutte foarstelling fan de Seedyk fan doe hawwe moatte.
Caspar di Robles hat om 1200 hinne de Seedyk 80 sentimeter opheegje litten en waarddoe 2.80 m.+ N.A.P.
As wij nou witte, dat de landerijen nou satn 1.40 á. 1.60 + N.A.P. lizze, dan is de hichte fan de Seedyk yn de tiid fan de muontsen, yn de tiid, dat it Kleaster febrocht is, net mear as in ½ meter, troch in oar west.
Dan is wol te begripen fan ho’n grutte betsjutting de terpen wienen en wie it ek neat gjin wûnder, dat foar it bouen fan pleatsen; mar ek doarpen de hegere stikken lân útsocht waarden.
Die Terpen hienen dan ek in hichte fan 3 à 3½meter.
De pleats Konkelswei 4 stie dan ek op in Terp fan 3½ meter.
Om te witten te kommen, waard it foefke útfierd, lyk as dat foarhinne en op oare plakken, ek wol dien waard.
Yn 1 Samuel 6 lêze wij, dat de Filistinen 2 nijmelke kij foar in wein spanden en wer ’t die dan lizzen gongen, soe it plak wêze, der ’t har offers wêze moasten.
Ek by Dronryp is op dizze wize in plak fûn om it iene of oare gebou te stiftsjen.
Mar ek foar it Kleaster te Lidlum barde, dat sa.
Of ’t it nou nijmelke kij wienen, der ’t de keallen fan opslúten waarden, of dat it oksen wienen, lyk as der hjirre fan praat waard; mar dat docht er ek net safolle ta.
De bisten moasten har sels rêde en op it plak der ’t se stean bliuwden of lizzen gongen, der soe it Kleaster delsetten wurde.
De oksen bedarren op it stik lân beeasten de Mûntsewei en der is doe ek it Kleaster bout.
Neffens beskriuwingen binne der oan ‘t 600 minsken yn en bij it Kleaster kommen te wenjen.
It moat wol in mânsk gebou west ha.
Dan binne wij dan ek wer bij de pleatsen; 3 tichte bijinoar.