Fam. P.Bruinsma Latsmaleane 3 “Vredenoord”.
Dizze Pleats is boud yn 1806.
Eigner wie do de fam. Hanekuyk út Harns, dy ’t mear pleatsen ûnder Seibierrum yn harren besit hienen.
It wie oarspronkelik in Kop-Hals-Romp type.
Om ’t de eigner der simmerdei ek wenje woe, is der yn 1869 it grutte wite wenhûs foar kommen te stean.
Fan 1885 oan ‘t 1915 buorke hjir de fam. Jelle Jans Bruinsma.
Fan 1915 oan ‘t 1959 wenne hjir de fam. Jan Feikes Bruinsma en fan 1959 oan ’t no ta, de famylje Paulus Bruinsma.