Fam. E. Goodijk Slachte 4. Fam. N.H.Jager Slachte 3 Ït Dykshûs”.
Foarhinne wennen hjir de fam. Luc. Boin, derfoar de fam. Pieter en Hinke Hollenga en Piet syn heit en dy: Petrus en Klaske Hollenga; Petrus Hollenga naam it oer fan syn skoanheit Pieter P.Goodijk Sr.,foar f. 1600,--.
Dat wie op 21 Des. 1910 en it wie do 4.70 are grut.
Pieter P.Goodijk Sr. hie it op 22 Des. 1880 kocht út it besit fan de famylje Murray-Bakker.
Nei alle wierskynlikens hat it foarhinne in Herberch west; dy stienen der yn it âlde Barradiel ûnderweis wol mear.