Dhr. F.H.Zeinstra Gedswerdersyl 9.
Foar Frans Hayes Zeinstra, de fam. H.Zeinstra, dy ’t mei syn broer buorke.
Foar de Zeinstra ’s wennen hjir de fam. Atte Hibma, dy ’t yn 1957 fuortgong.
Derfoar ha hjir noch buorke: de fam. Jacob Hibma en ek noch de fam. Dokter en de fam. Thomas de Groot en in fam. Wiersma.
Op de sydmuorre sit in plankje mei it opskrift: “Spitaal” De hear Zeinstra fertelde ús, dat it foarhinne, in hiel skoft ferlyn, wolris in opfanghûs foar siike swolkers en faak ek muontsen west hawwe kin.