Noch ienkear “Ropta-State” mei op de foargrûn de fiver.
Ea hat in Boer/Bewenner, de fiver ticht smiten mei sorteerôffal fan de jirpels.
De hjoeddeiske eigner hat mei help fan ús allegearre (subsidie) de tún wer yn syn âlde hear en fear werom brocht.
De ûntwerper: Roodbaerd, soe der as er noch libbe, tige mei op’t skik west ha.
Hulde oan de eigner en de minsken, dy’t de subsidies beskikber stelden.
Sa is der yn ús kâlde noarden wer in stikje romantyk fan eartiids werom kommen.
Dizze en alle foargeande tekeningen binne oernommen út: Van de mond der oude middelzee fan K.J.van den Akker.