OAN 'E SEDYK

Smûk ûnderdyk leit de lytse stjelp.
Dêr wenje heit en mem en fjouwer famkes.
Heit hat nei Harns west.
Mei in karre fol griente en fruchten.
Alles is skjin útforkocht.
Nou giet it wer op hûs ta, nei Koehoal.
Maityds fiskje oan de kust op it waed, hwat lân brûke, en yn de tiid dat der rom griente, appels, parren, beijen binne, dat spul útsutelje yn 'e omkriten, mar binammen yn de stêd Harns.
Njonken him sit in lyts famke.
Kees de kêdde, draeft op in sjutteldrafke foar it platte weintsje.
,,Wurdst ek káld?" freget heit.
,,Né hear, sille wy nochris sjonge?"
En dan klinkt in swier mânljuslûd en in lyts lûdtsje, togearre yn de fallende joun:

,,Dêr 't de dyk it lân omklammet,
lyk in memme-earm har bern
Dêr 't de wylde sé jamk flammet,
op in hap út Friso's hern
Dêr 't de stiennen man syn eagen,
stoarje lit oer fjild en strân
Dêr 't men eanget fan gjin weagen,
dêr is 't leave Heitelân".

It weintsje rydt op nei hûs ta.
De kêdde rûkt de stâl: lt sjongen klinkt yn de skimerjoun en it weintsle rattelt op de skildyk.
Alles meiinoar heart it jin sa aerdich yn 'e earen as men sels op 'e wein sit.
Al wit hoe faek hat ien fan de greatste famkes mei heit nei Harns ta west.
Earst giet it nei de greate, hege huzen.
De deftige dames komme sels wolris by de karre om de moaiste griente út to sykjen.
Heit hat meastal in fleurich sin en de minsken keapje graech fan him.
As sa'n mefrou dan sa 'n lyts ljocht famke sitten sjocht (by moai waer foarop, by reinich waer ûnder it oaljekleed) dan praet se freonlik tsjin it lytse ding.
En giet wolris yn 'e hûs om hwat lekkers of in stikje boartersguod.
ln inkelde kear giet de hiele húshâlding nei de stêd.
Forline simmer noch, doe 't yn Harns in greate boat lei alhiel út lngelân wei.
De sédykster manlju trêdden de lingte ôf lâns de sedyk en doe 't se klear wiene mei trêdzjen! - Och leave minsken hwat in ein boat!
Elk dy't koe, woe dat sjen!Grôtfol wie de stêd mei nijsgjirrige minsken!
,,Soe mem al stean to sjen?" ,,Grif wol".
As it tige stil is bûtendoar, kin men fan fierren al it ratteljende weintsje, de dravende kêdde en it sjongen hearre.
Om mem sjonge se, mar ek omdat it sa fortroud klinkt.
Hwant altyd, as hja mei heit ride, wurdt der songen.
Mem hat har ferskes leard.
As heit sjongt, kin men de wurden net forstean.
Hy bromt yn syn snor en burd en hat meastentiids syn piip oan.
Syn slophier! lt is in tsiettel mei in slop ,,mondstik".
Op de pyptsjettel komt in brún printsje, as heit lang genôch rookt hat.
,,Der moat in waerme hoannekeutel yn", seit heit.
,,Dan giet it folle hurder".
Mar dat is gekheit fansels.
Jouns foar bedtiid giet de piip op 'e skoarstienmantel.
,,Heit, sille wy ris op 'e dyk sjen?" Togearre klatterje se by de sédyk op.
Kees fret, gau, gau, in bekfol gers oan 'e kant.
Alhiel tsjuster is it noch net, mar dochs blinke yn 'e fierte al de ljochtsjes fan de eilannen: Flylân, Skylge, lt Amelân.
Elke toer jowt syn eigen ljocht inkelde fûgel wjukkelt oer it iensume Waed.
lt wetter leit hast ûnbiweechlik to blinken.
Rigels peallen lizze as swarte streken de sé yn.
,,Kom leave, wy moatte nei mem ta".
,,Noch even sjonge, dan binne wy thús".
De pipe komt wrychtjes yn 'e bûse.
Sil wol leech wêze! Kees draeft mar.
Noch inkelde húzen, noch in bocht yn 'e dyk: ja hear, thús binne se op Koehoal! Mem is bliid!