Kermis 1978 voorste Kees Jouwersma, 2de Pier Kolthof met bas.

3 NOVIMBER 1895 CRESCENDO 1 SEPTIMBER 2003

Nei omtrint 108 jier moat Crescendo belies jaan.Der waard begūn yn'e Lytse Buorren yn de āld skoalle "letter earmhūs"mei 11 man op Snein 3 Novimber 1895 "den meest geschikte tijd" stie der yn it ferslach. Min wurke doedestiids 6 dagen yn'e wike. Maart 1896 kocht men in grutte en in lytse trom. Michiel en Dirk Kloosterman waarden de "bespelers".Ek kocht min in clarinet en wie it in harmoniekorps. Op 4 Juni 1896 "en volgende dagen" waard der foar it earst spile by de "feestelijkheden fan V.V.V..en op 31 Augustus by it keatsen. 7 Augustus 1897 spile by't skoallefeest iepening neije skoalle (no de Haven) Min woe doe ek" kunstlievende leden"hawwe. 1902 op 10 Desimber spile by "den eersten trein onder vreeselijken koude". 1903 spile by "den bondskaatspartij". 1911 muzyktinte waard makke foar F1.286.65 begrutting wie F 1.300.- Gysbert de Jong waard yn 1913 dirigent wie yn 1900 lid wurden. 1920 25 jier bestien. op 3 novimber by mooi stil waar op'e tinte konsert jūn. Foarōf in optocht mei fytslampen (carbit) op "boonenstokken". Der wie in kwartetwedstriid op poaten set. Der diene ek oan mei Aurora St.Jabik, Crescendo Ald Syl en Appollo Hallum. Dizze korpsen bestean ek al net mear. Appollo is opgien yn de saneamde Hallumer Dorps Fanfare. As min sa oan't sneupen is dan komme jo allegearre families tsjin dy't lange jierren yn'e boeken foarkomme. 1900 Haye Westra, Eabe Jouwersma en G.M.Herrema. 1901 Schelte Groendijk letter mei Knilles,jan en Beitske. Jan Groendijk mei 5 jonges Schelte, Arnold, Knilles, Pyt en Klaas.

1905 waard Jac Zijlstra lid.1910 Willem Reitsma letter soan Albert.1910 Douwe Westra der binne in soad Westra's lid west u.o H.Tj.Westra, J.Tj.Westra, H.D.Westra kaam ik ek tomjitte Tsjerk J.Westra hat in soad foar Crescendo dien. 1917 Jouke J. Jouwersma waard lid letter soannen Kees en Gerrit. De namme de Valk komt ek nochalris foar Siebe Dirk(Dikky) en Jan letter omkesizzer Poppe. Fierder ek Pier Kolthof, Harm Kolthof. Jan. 1939 Kees Jouwersma wurd lid syn soannen Jouke en Pieter Jan sūnt 1967 en 1971 ek lid. Kees Jouwersma jr. wie ek lid. It is no over and out mei Crescendo. Spitich dat de hjoeddeiske omstannichheden sa binne dat in feriening dy't altyd klearstien hat foar it doarp, net mear bestean kin.

Kees Jouwersma.