Beetstersweach, 12 Marije 1747.

Hjoed brocht de gritenijboade my de tynge, dat ik ,,na gehouden collatie" troch de tsjerke to Gaest bineamd wie as Schooldienaar en fan it gritenijbistjûr fan Wûnseradiel op tal stie foar doarpsrjochter. Vader Wigerus Winsemius, notaris en prokureur-postulant by it gerjocht fan Opsterlân, hie tiden lyn al war dien by grytman Aylva om, as ik klear wêze soe, om my to tinken.
En nou is it safier.
Der sille wol in pear minne dagen komme, as ik de hege sânnen en heidefjilden ynwikselje moat foar de kriten mids puollen en marren en sompige greiden, lofts de balstjurrige Sudersé, skomjend en brûzjend, de weagen útinoar spattend tsjin de peallerige, rjochts.
,k Haw der lêsten in pear dagen west en goed om my hinne sjoen iensume ienlikheit.
Hjir hie Gysbert Japiks sitte kinnen, doe't hy ,,Tjesck-Moars See aengstme" song en it âld-minske op 'e Hege Wier delbûke sitten seach, Wif, dy't it ségat úttein wie, neiroppend:

Wier 't aet swieter yn 'e weyde,
Meye skiepkes op 'e heide,
Fearkjen, fisckjen yn 'e sletten
Foecken fanlen, aef ynn' netten,
Foegelt faen, op poal aef kling?
Hjir hearde hy de sé!
Az de see spy't schom in wiette
Dat hy 't stiert korts schoe bejiette
Guwlt, in boppe tonger beert:
Wif, môcht Mem de holle' opstecke!
Wif! it hert moast her to-brecke!
Wif! jae kearde' ijn't graef her om!

Hawar! dochs in stik bûter yn 'e brij …
Oer in wike of hwat giet de reis oan.
Dan . . . de Sweach . . . farwol! Oer de Ryp . . ., in pear nachten by Simery-om oerbliuwe.
Nou, dy kin it pratende hâlde.
Syn reis nei Ynje, dêr,t er gau syn bikomst hie en syn smidte to Aldeberkeap.
Mar dan? . . . Ik haw se lêstendeis al sahwat sketten, dy bern fan 'e séwâI.
In kroadfol kikkerts. En dan de opdracht! Bart, hwat hast' úthelle, jonge.
,,De schooldienaars, behalve dat zij ambtshalve de jonge jeugd naarstig moeten leeren leezen, schrijven, rekenen, psalmen zingen, zullen ze ook tweemaal of tenminste Eénmaal 's weeks catechiseeren over de gronden der Religie en wel byzonder den Heidelbergschen catechismus leeren en dat alle Maandagsmorgens de kinderen worden onderzocht of zij de predicatiën dy Zondags geschied zijn, hebben bijgewoont.”

Ik hal' soarge dat ik dat rychje goed yn ‘e holle hie, byhwannear't men my dêroer tantsje soe.
Hwat in relaes.
Soe ik ek ramplesant foar de dûmny wêze moatte? It finen fan in kosthûs, dat sit my nou earst it measte dwars.
Hawar …, dêr kin Simen-om my dochs net foar helpe.