De Ryp, 29 maeije 1747.
Omke Simen hat 1ste Alderheljen 1730 de smidterij koft fan Pijtter Pijtters Posthumus: ,,sekere nieuw gebouwde huysinge en smitte met hovinge, cum annexis op Dronriip, sampt de smidgereedschappen, gemaakte en ongemaakte ijzerwerk, voor de som van 646 Car. g. seventien stuivers, ieder gulden 20 stuivers doende, in klinkende gelden en zonder Lands obligaties." Sa stiet it biskreaun.
Frou Dieuwke Westerhuis, de widdou fan de postmastergenerael Wielinga, mei bimiddeling fan tante Johanna, hat foar in goede hypotheek soarge.
Simerus-om hat gâns wurk fan de jonge mynhear Epeus Wielinga, ,,Raadsheer Ordinaris in den Hove van Frieslandt" en boer-slothear op Hottinga-state to Pitersbierrum, mei forskate boerepleatsen yn 'e omkriten dy't famylje-eigendom binne.
Omke hat it der drok mei; tsjintwurdich is er dwaende mei it setten fan nije ankers ,,tot den Dorshuysbalken" to Easterbierrum.
Op 'e Ryp hat er in ,,Nieuwe Bouwerij" ûnder hannen.
Om itenstiid hinne . . . dêr kaem sawier ûnforwachts tante Johanna oansilen. Under brea-iten fan 'e moarn hie omke noch sein: ,,'t Is hjoed tante Johanna har jierdei ek."
Mishear Epeus en syn frou soenen in pear dagen útfanhizje by de Glinstra's, dat hja koe meiride yn 'e koets.
Simen-om hie hielhwat to fortellen oer syn mislearre Yndyske reis en oer Aldeberkeap. Hy wie it famyljespoar hwat kwyt rekke.
Vader Wicherus hie it amt fan grootvader oururven, prokureur-postulant by it gerjocht fan Opsterlân op 'e Sweach en waerd yn 1725 notaris.
Simen woe dat paed net op, hy woe smid wurde en doe't dat net foldie, nei Ynje.
Dêr hie er gau syn nocht en sa wie er nou op 'e Ryp bilânne.
Tante Johanna, berne to Wolvegea 29 maeije 1698, hie Simery, har jongere broer, nea út it each forlern.
Hja hie ek mei holpen ta de nije breawinning op 'e Ryp.
Tante Johann... ! Hja wennet as frij-faem yn in hearehûs yn 'e Heechstrjitte to Ljouwert.
Hja mei der, fan de Wielinga's forgees wenje, salang't hja libbet.
Har uterlik, klaeijing en hâlding forriedt in deftigens dy't gjin skea docht oan har ienfâld.
De sulveren bûgeltas oan 'e side, it string bloedkralen om 'e hals en de juwielspjelden yn 't hier.
Hja hie hwat meinommen út it âlderlik hûs op 'e Sweach en dat wie fêst set en forsterke yn de tsientallen jierren dat hja as bern tohûs wie by de famylje Wielinga-Westerhuis.
Foar elk fan ús is hja de twadde mem, likegoed foar de broer as foar de tantesizzers.
Grootvader Petrus hie in drokke praktyk as prokureur-fiskael by it gerjocht fan Opsterlân.
Foar de Van Teyens die hy alle ljochtsaken.
Hy wie tige bifreone mei de Van Bestens.
Adriaan van Besten wie rintmaster by de Van Teyens.
Der wie dy jouns wol stoffe om it praet geande to hâlden.
Tante wie in libben archief, dat hja yn 'e holle meitôget, mar ek yn listen, in tsjerklik doop- en trouboek allyk.
Ik mei der altiten út oerskriuwe hwat my goedtinkt en hwat fan nut wêze kin.
Fan grootvader wist hja alles, mar ek fan overgrootvader en fierder noch tobek.
Hja hie alles opheind út 'e mûle fan ,,Vader en Moeder."
Men moast har fortellen hearre, mei in leafde en forhoalen langstme, dêr't har great en goed herte him yn utere.
De hiele joun waerd ynbislach nommen mei in reis fan grootvader nei Ingwier mei Saco en Oene van Teyens.
Ik memorearje dat moarnier, ear't tante op 'e lap komt.
Mannich fraech krigen wy net biandere dan allinne mei: ,,dat fortel ik letter wol,"
Sa bgl. woene wy allegearre graech hwat witte fan tante Lumine, allang forstoarn, mar ek hjir: ,,letter hear ! "