Tante Trijntje (Freeks) traktearre, sa't dat heart op in jierdei, op sealjemolke.
Dat mûlke ús wol.
En nou soe ik hwat fortelle fan vader syn amtlike bilevenissen.
It wie dy, jouns al let.
In ûnlijige bigjin,maeije-dei 1704, doe't der op 'e doar bounze waerd.
Is der folk yn? Oene van Teyens stie yn 'e doar.
,,Petrus, wy moatte moarnier bitiid nei Gersleat, myn omkesizzer Saco en ikke.
En jo moatte mei! In bifel! It giet om hwat âldsear by Anne Jurjens en Jan Stevens.
In pear moanbriefkes ha net holpen."
Vader hie der net folle sin oan, dy fjochtershoeke.
Dat wie hiel hwat oars as it geharrewar oer ,,in fool peerd" of ,,gedaan overlast van een peerd", of tsierderij om in kou dy't los rekke fan 't tsjoar.
Der siet hwat ûnskuldige humor yn.
De gedaegde hie bgl. lêst hawn fan de kou en woe dat forrekkenje mei de 7skea dy't it hynder fan de ,,impetrant" ,,heeft om den hals gebracht.
" Dêr koe vader him mei formeitsje.
Dizze reis lykwols soe foar him op in wân bruijen útrinne en in fikse boete.
Moeder wie der al fan út 'e liken, doe't hja de rije manlju ôfreizgjen seach.
Oene van Teyens wapene mei in rotting, Saco mei in degen om 'e mul gaspe.
Hoe mei dit biteare? Ik hear it moeder sizzen: ,,Soest' dat wol dwaen Pijtter?"
Hja koe vader syn temperamint, dat hy oerurven hie ,,fan vader op soan".
Nammers overgrootvader wie om fjochterij fuortjage fan de Frjenrtsjerter Akademy en moast in ûnderkommen sykje yn dy fan Leijen...
De reis gyng to foet, oer Tenwispel en Lúksterhoek.
Yn Gersleat, by de foardoar fan Johannes Wijnja troffen de partijen inoar.
Anne en Jan hienen de Sweachsters oankommen sjoen en it gyng op in fjochtsjen.
Oene van Teyens slacht der op yn mei de rotting.
Omkesizzer Saco hellet de degen út 'e skie.
By vader kaem de âlde natuer boppe driuwen.
Mei de fûsten takelet hy Anne Juriens ôf.
Hja rekken oer de groun en sels roun er ek gâns rake klappen op.
Gersleat boske dêr omgear.
In fjildslach op 'e strjitte foar de doar fan Johannes Wijnja.
Dat bart net alle dagen.
Hendrijck Holbes, dy’t de saek bisljochtsje woe en bisusje, krige ynpleats in pak op syn baitsje fan Jan Stevens.
Vader moat dy neimiddeis thúskommen wêze ûnder de blauwe plakken en mei in min sin.
In mislearre dei dy 3de fan maeije 1704.
Moeder har soargen hiene net forgees west.
Op 6 maeije 1704 kaem de saek foar! De prokureur fan Ingwier, Van der Sloot (in goed freo'n en amtgenoat fan vader) easket: Saco van Teyens, om't er de degen lutsen hat ,,met een toornigh gemoedt", 50 Car. g. boete.
Oene van Teyens, om't er mei syn rotting Anne Jurjens omseame hat,24 Car. g. boete.
Jan Stevens, om't er slaen jown hat in ,,seckere" Hendrijck Holbes, 12 Car. g. boete en vader krige . . .24 Car. g. boete foar it slaen fan en it wrakseljen mei Anne Jurjens, ,,voor het huijs" en op 'e stoep fan Johannes Wijnja.
Anne Jurjens kaem der it genedichst ôf : 14 Goudgoune ,,voor het slaan en mishandelen van Petrus Winsemius.
Alles gepleegt op 3 may 1704."

It wie doe bêdtiid wurden, de jouns fan tante Johanna har jierdei.
It archyf waerd sletten.