Gaest, 8 juny 1747.
Justerjoun nei skoaltiid moast ik nei de dûmny om hwat skoallesaken to bipraten.
Dûmny van Gelder hie mei help fan syn frou, Aaltsje Geerts Popta, foar in kosthús soarge, dat nei't it to'nearsten like, goed biteard is.
Dûmny syn frou woe my abslút hâlde to brea-iten, dan koenen wy hwat yn 'e kunde komme, tocht hja. Ik hie wol forlet fan hwat oanhâld, dat ik naem de noeging mei beide hannen oan.
In freonlrike en gastfrije húshâlding dêr 't, nei't ik al gau fornaem, gâns leed en soarch trochmakke wie, mar dêr't ek de libbenswille in goed plak hie.
Der wienen fiif bern yn 'e hûs.
De âldste wie Angenietje, 23 jier, en de jongste sprút wie in jonkje, Bernardus, 7 jier.
Dêr tuskenyn trije fammensbern: JeItje,Elisabeth en Doetje.
Nie’t ik tige bitanke hie foar de drokte om it sykjen fan in kosthûsen ik myn doopseel lichte hie, kaem it petear al gau op 'e flak-bije sé, mei in apart folk faeks.
It die bliken, dat dûny van Gelder dêr ek hjoed-de-dei nochal hwat mei to dwaen hie.
It wie ek noch mar in jier-of-hwat lyn, dat hiel Fryslân jierren oanien yn de greatste eangstme forkearde oangeande de gefaren fan de pealwjirm, dy’t de pealrigen oanfriet,sadat se by hûnderten omfoelen.
It duorre net sa lang of de preekbondel dy’t dûmny útjown hie yn 1734,kaem op'e tafel:
,,Het gezegende Nederlandt of een gedeelte van dien in noodt van overstrominge door een zeldzaam wormgeknauw, dog nog hoopende op des Heeren hant ter hulpe".
,,In agt uitvoerige leerredenen vertoont."
Dûmny skynde goed yn dy stoffe to sitten, hark mar!
De slimerige wjirmen trochboarje yn koarte tiid de sépeal dat it wol in greate hunichskiif liket.
By tûzenen peallen fan de séwaring binne omfallen, ek mar by in bihindige golfslach.
En de diken, sûnder pealwurk, kinne it nea hâlde.
Alle foarlân is weislein en flak oan 'e dyk stiet by de leechste tijen noch 20 foet wetter.
Sa wie de eagstme en soarch foar in trochbraek en oerstreaming yn dy dagen great.
Deputearre Steaten rôpen it folk op ta in dei fan gebet, in dei dy't elk yn dimmenens hâlde soe.
It hawwe in jier of tsien bange jierren west, dy fan 1730 oant 1740.
It folk streamde gear yn 'e rsjerke, dêr't men de eangst en de need, mar ek de hoop op rêdding útsong mei psalmen.
Mar bûtendat siet it regear ek net stil.
Der waerd in preemje tasein oan dyjinge dy't in middel oan 'e hân die om de wjirm út to roegjen of alteast om syn fornielend wurk únmooglik to meitsjen.
Fan alles waerd der probearre.
De peallen waerden bislein mei spikers, mei greate seiskantige koppen, lyk as skobben op in fisk, mar troch it op-en-ôfgeande tij sâlte wetter friet de roast de koppen wei en koe de wjirm syn wurk op 'en nij bigjinne.
Ek waerd der kalk om 'e peallen hinne struid om de bisten to deadzjen.
Dêr wie lykwols ek gjin oprêdden oan, hwant it kwea siet de hiele sékust lâns fan de Dongeradielen oan Stetrlingwerf-West ta.
Om't de súdlike diken om Starum hinne en by Surch de swakste stéen wienen (der wienen rigen peallen omfallen) joegen de Steaten oarder dêr slieperdiken oan to lizzen.
Sa waerd yn 1732 in dyk oanlein fan Warkum nei Himmelum en yn 1733 ien by de Surgerhoeke.
De saneamde Koudumer Slieperdyk rekke yn in fearnsjier klear, in wûnder fan dy tiid.
Der arbeiden dan ek 2000 man oan, dêr't 1000 soldaten by wienen, dy’t de steedhâlder tasei.
De diken wiene 66 by 16 foet.
It wie ûnderwilens al let wurden, mar net sa let of dûmny sei tsjin de âldste: Toe, Angeniet, noch efkes de doarren fan it posityf 1 ) iepen, dan sille wy ta bislút noch sjonge de 104e Psalm, it fyfte fers:

1) Kammenet-piipoargel.

Ghy hebt de palen des Meyrs gemaeckt, vast
Daer 't niet over en komt, nog ook en wast:
Opdat het niet meer bedekte 't aertrijcke,
Deed' ghy Heer, dat heerlijck' werck desgelijcke.
Ghy deed 't water in den dalen aldaer,
En liet springen Schoone Fonteinen Klaer.
Die seer lieffelyck langhs de bergen vlieten,
En met gerugt in den dalen voortschieten.
Aen den becken en alsins daeromtrent
Woonen de vogelkens elck aen sijn endt,
Die tusschen de tacken der boomen springen
En lieffelijck met soete stemmen singen.

In skoandere joun. Fan skoallesaken wie neat kommen.
Dâmny en syn frou, mar foaral de fammensbern en de nije ,,Schooldienaar", hawwe mei ,,soete stemmen" songen Angenietje hie de boppetoan.