Gaest, 12 juny 1749.

Al ryklik twa jier is 't lyn, dat ik in oantekening makke.
Der is ek net folle bard dat makke, om opskreaun to wurden.
De dagen rôlje en rinne fierder lyk as de weagen oan oarekant de dyk, efterinoar oan.
Yn 'e skoalle went it goed oan inoar.
Yn 'e frije tiid mei ik graech in ein kuijerje, hwat foar de lea wol goed wêze sil, mar foar de geast . . ?
De rinwennigens falt my faek oan en dy spegelet my de Sweach foar de eagen en yn 'e holle: it strewelleguod, de brune heide mei de blau-wazige fierten, it Alddjipt 1 ).
Jouns lykwols wiskje it forkear mei in pear freonen en de gouden ûrkes yn de pastorij, al sok tinken wer fan it laei fan myn omtinken út.
Nammers: Na het zure komt het zoet.
Mar dat hâld ik nou mar foar my sels!
Mar hjoed twa dingen dy't tinkt my de muoite fan it opskriuwen wol wurdich binne.

1) It Alddjipt : de Boarn. 1 Ik bin hjoed promovearre ta. . . ,,eenvoudig vrijgezel"
Dat bisoarge my pleagerij fan Angeniet fansels:

Tiette siet allinne; 1)
Oone griene wey
Schoaschjen ijnne sinne
Op in simmer dey.

En dat kostet my 8 Car. g. neffens it kwotisaesje-kohier.
De taksaesje fan de ,,ontvanger" is wol hwat oan de hege kan't tinkt my en hie hy my nou oanslein mei myn steat ,,Dorpsrechter-Schooldienaar", hawar, mar it predikaet ,,eenvoudig vrijgezel" stie my min oan.

II. In brief fan tante Johanna út Pitersbierrum.