Gaest, 12 maeije 1751.

Een Vrouwe goed en schoon is waerd een Coninckx kroon.

De buorren flagget. Hwerom ek net? 't Is feest yn Gaest.
Dûmny's Angeniet trout hjoed mei de schooldienaar.
In doarpsbarron fan bitsjutting.
Der wie allang fan grute, dat Angeniet en ik it tige iens wienen.
It hie al yn de bolkoer west en ek dat it trouwen wurde soe, al fier foar't wy de geboadens hienen.
De doarpslju namen it mei goedkarren op.
De froulju oer de ûnderdoar staekten it petear as ik der lâns kaem en mei mear niget seagen hja my nei.
Yn de pastorij waerd alles ré makke foar de reis nei gritenijhûs en tsjerke, dêr't dûmny Bernardus van Gelder it houlik bifestigje en ynsegenje soe.
Moeke van Gelder spjelde ús in blomke út eigen tún op it boarst, ús skôgjend,mei har freonlik antlit, dêr't ,,it moed-fol" en ,,blydskip" ôfwikseljend op to lêzen wienen.
Nammers: har Nieteke gyng de doar ek út!
Der stie al hwat húsrie klear yn 'e hoeke fan de greate foarkeamer, hwerby ek de útsniene kiste, mei de neamde spreuk, omfrissele mei forgulde halen. . .
,,Is waerd een Coninckx Croon" . .
In amerij bleauwen each en tinzen der oan hingjen.
Ja! dat wie Angeniet wurdich, mar dat soe net barre yn Gaest en nearne net. . mar letter.
Dat leauden wy beide.
It hat in moaije dei west.
In tsjerkfol folk en lokwinsken fan it hiele doarp.
De skoalbern hawwe ús noch in ferske tasongen en tante Johanna hat de hiele dei meimakke.
Ek Aefcke (de genamt fan grootmoeder Aefcke Simery ) fan Simen-om hat tsjûge west fan al de plechtichheden.
Tante bliuwt in pear nachten oer yn de pastorij, der is genôch romte.
Hja kin dan, nei't hja sei: pastoarske hwat treastgje yn it gemis en bliid-mei wêze yn de oanwinst fan de skoansoan.