Gaest, 14 desimber 1752.

Ik fornim dat it fonnis wurden is: de galge, ,,op een radt, met een vlegelstok in de rechterhand, aldaer ten spectacule gestelt. "

Gaest, 3 desimber 1762.

Forkeap Pastorijlannen Pitersbierrum-Easterbierrum.

Doe't ik koartlyn de bern fortelde oer de rampen, dy’t ús Iân yn de rin fan de jierren teisteren, sa as de fjochterijen tusken ,,Schieringers en Vetkoopers", pestsykten en oerstreamings, hie ik net tinke kinnen, dat in selde soarte fan forhael op it aljemint komme soe by vader en moeder.
Foaral dat fan de oerstreamings, ,,doe't de soute wateren" de lannen dutsen en jierren oanien de rispinge mislearre en der gjin opbringst wie.
Al yn de 16e ieu klagen dêr de pastoars oer.
Sa sieten hja by dûmny van Gelder yn ,,sack en asch" fanwegen de oanskriuwing op 14 juny foarich jier, dy't de Steaten fan Fryslân de tsjerklike wrâld ynstjûrden:
De pastoralia, dy't harren sels net mear bidrippe koenen ,,en deswege een suppletie niet konden missen", soenen troch de Steaten oernommen en forkoft wurde.
De tsjerklike ,wrâld' wie yn ûnstjûr. 't Soe yn trije jier barre, septimber, oktober en novimber fan resp. 1762, '63 en '64.
It earste jiers de pastorijpleatsen, dêr't de bouwurken brekfallich fan wienen en fierders by lotsjen.
Under it foarste part foelen û.o. Minnertsgea en Winaem yn Barradiel (1762) en yn de ,,Tweede Classis zijn gebracht Pietersbierum in Barradeel en Gaast en Ferwoude in Wonseradeel" (1763).
It oerbliuwende tal, hwerûnder ,,Oosterbierum", yn 1764.
Nimmen wist hoe't ien en oar biteare soe.
Vader wie wol sûnt 1759 emeritus, mar de finansiële regeling . . . ?
It wie allang gjin geheim mear, dat yn de húshâldings fan de doarpsdûmnys stille earmoed lit waerd.
It lân yn eigen gebrûk brocht by miswier in bitter bytsje op en itjinge dat forhierd waerd . . . de hierders koenen de hier net byinoar skrabje.
Vader van Gelder hie útrekkene, de opbringst wie yn goede jierren: Ferwâlde 55 Car. g. en Gaest I29, togearre 184 Car. g.
De Steaten soenen, as hja it lân oernamen, der in suppleesje fan 316 Car. g. by dwaen en seinen goed foar 500 dus.
Men liet de moedfearren lykwols net hingje, hwant der siet moedjaende moat yn de resolúsje:

N.B. Des Predicantshieminge en huizinge, cum annexis, wort aan het Dorp en ingezetenen ten dienste van den predicant gelaten, Dogh zonder Stemgerechtigheid en vrij van Floreen.

- - It petear waerd justerjoun troch vader bisletten mei: Is Mijn Hand d"n werkelijk te kort om te verlossen of is er bij Mij geen kracht om te redden?"
Der lei ek in brief op’e tafel, in treastbrief mei ik wol sizze, fan tante Johanna. Hja húsmanne yn dizze snuorje op Hottinga State.

Pietersbierum, 14 november 1762.

Lieve familie en Vrienden te Gaast.

Van Bart had ik al iets van jullie moeilijkheden gehoord.
Nu, bij ons is deze zaak ook dagelijks ter tafel en zodoende weet ik er alles van en de,,Slotvoogd”, zoals ik Mijnheer Epeüs Wielinga vaak uit gekheid noem is een strijdbaar held.
Het is met de Pastoralia altijd niet evengoed-gegaani, meent hij.
Deze zijn op onderscheidene plaatsen destijds overgeheveld naar de kerkvoogdij, die dan ook de landen verhuurde, wijl de kerkvoogden ze vaak zelf gebruikten.
Van de huur werd dan het predikantstractement betaald.
Eens zeide hij: dan moeten de kerkvoogden dat maar uit eigen zak betalen.
En hij dreigde met een proces bij het Hof, waarin hij Raads-Ordinaris is.
Een protest van Coert van Beyma, secretaris van de Admiraliteit te Harlingen, en Symon van Sloterdijk, convooimeester te Harlingen, Kerkvoogden van Oosterbierum en Stemgerechtigd aldaar, het allerprofijtlikst de goederen, administreren en beheren naar hun welgwallen.
Zij hebben de zaak verloren, de verkoop gaat door.
De tractementen in Minnertsga, Oosterbierum, Pietersbierum en Wynaldum zijn gesteld op 500 Car, g.
Nu deze papieren op tafel kwamen las ik nog aardige dingen, b.v.:
Perseel 10.
De Pastorij, vier pondematen Kostlik Terpland, waarop de Predicantswoning.
Bezwaard om benevens Liaucema-state, yder voor de helfte te repareren en te onderhouden 't Hooghout tusschen Pietersbierum en Sexbierum.
Lieve Vrienden in Gaast, ik ben uitgepraat, nog dit: ik ben even in de pastorij aangeweest, met de geruststellende mededeling, welke ik ook van Gaast hoorde en welke ook hier op het slot ter sprake kwam: Des Predicantswoninge met Hovinge, blijft ten dienste van den Predicant.
De hartelijke groeten van mij ook aan de Schooldienaar en Angeniet en dat emeritaat zal ook wel in orde komen dacht men hier.

JOHANNA WINSEMIUS.

Ook nog een N.B. van mij:
Ik droomde reeds vannacht . . .
Wij met z'n drieën, onze onvergetelijke arbeider-koetsier TEACKE JANS (U weet wel, uit de reis naar Minnertsga) op de bok, ik naast hem en ons trouwe rijpaard MARY in het stokraam , reden over een mooie nieuwe brug op bezoek naar Liaucema-state.
Het geklauter, vooral bij nacht, was afgelopen Dromen zijn bedrog.
Johanna.

Gaest, 31 desimber 1762.

DE MOARD OP KRUMHERNE.

In jier fan wederwaerdichheden.
Húshâldelike zorgen.
It gesin wurdt greater.
It stikje lân ,,de Geere" fan 2 een half p. bringt net folle op de lêste jierren.
De drokte fan it pastorijgoed, de skoalle . . .
En nou de lêste tiid dy forskriklike moard wer op Krûmherne.
Mar . . de holle omheech Bart.
Sa geane myn tinzen nei de Swaech, nei heit en mem, tante Lumina, tante Johanna.
Hwat is dizze einepyk fier fan it âlderlike nêst êfrekke.
Ut de rûchte fan de wâlden nei de iepene marlannen oan sé yn Wûnseradiel.
Mar in moardsaek as de neamde hoopje ik net wer mei to meitsjen.
De biblette troanje fan de vrreed formoarde jongfaem en it ûnhuerige gesicht fan de moardner steane my daegliks foar eagen.
En hwa koe yn Gaest Antje Seerps net.
De moard brocht my, lyk as yn 1750, binei toalve jier lyn, yn 'e kunde mei immen fan it ,,âlde folk". Wienen it doe Eliaser Izaks en Jacob Davids, dy't 1/20 generaliteitslotten forkoften foar hiele lotten ,,voorgevende Stateknechten uijt den Haegh te zijn" (actum Hof 24 febr. 1750. (Hja waerden string gisele en it lân út band)
Foar't de sinne ûnder gyng de stêd út en binnen trije dagen it lân út.
De saek dy't nou oan de oarder wie is slimmer en to aeklich om to biskriuwen, mei't it oantinken jin allinne al ûnstjûr en mistreastich makket.
De finzene wol syn ûnskuld folhâlde.
,,Als ik zoo schoon was als van deze zonde, dan was ik een gelukkig mens."
Doarpsrjochter Krijtenburg út Makkum en ek de strânmaster to Gaest, Evert Johannes, hiene al in tiidlang in skean each op in ,,stoute bedelaar", dy't de doarpen ôfstrúnde.
Freed 3 desimber waerd in swarte dei.
By Krûmherne tusken Gaest en Piaem waerd in formoarde jongfaem foun.
It die mei gauwens bliken hwa't it wie: Antje Seerps, de ,,dienstmaagd" fan Theu- nis Jans, húsman to Gaest.
Ridlik gau foel it fortinken op de biddeljoad.
Hy waerd oppakt en to Makkum yn 't hounegat set.
Der kamen hiel hwat tsjûgen op 'e rjochtdagen.
Syn gean en kommen waerd neigien.
Alhoewol't hy opjoech út Dútsklân to kommen, die it lykwols bliken dat er út Rotterdam kaem.
Hy hiet Elias Davids.
Foar biddeljen hie er al earder yn 't hounegat sitten to Ljouwert.
Mar Elias Davids wie ûnskuldich, ,,sa ûnskuldich as God oan de sûnde", sei er.
De tsjûgen lykwols wiene ,,overtuigend".
De strânmaster koe him wer as de omstrúnder, dy't hy al mannich kear observearre hie.
Piercke Willems hie him oan 'e doar hawn to biddeljen.
In biswierjend ding wie ek dat er apels by him hie en Antje Seerps wie mei in ,,Laad Booter" op reis nei Piaem en hie in pûde mei apels by har hawn.
Né, sei Elias, dy haw ik koft fan Piet Eenbeen to Hynljippen, dêr't ik yn it ,,Slaapstede" west haw.
Mei in pear duiten bitelle.
De biskuldiging wie ek, dat hy âlde minsken ,,tot medelijden hadde verwekt, hun een hemd afgebedelt en dit later weer verkocht."
,,By het aftasten te Makkum is in de knapsak anders niets gevonden dan ,,de tien geboden',, welke de gevangene, volgens zijn religie aldoor by sig moest hebben."
De moard wie 3 desimber bard en snein 5 desimber foun ik op 'e sépeallen dúdlike biblette hântaesten.
It wie yn ien wurd in forskrikking hoe't de moardner to wurk gien wie.
Mei in bûsmes hie hy de jongfaem de hals ôfsnien, ,,de schoenen uitgetrokken en de zilveren gespen er afgesneden.
Het mesje afgeveegd aan het schortkleed van de jonge dochter."
Ik hâld op! De prok.-gen. foel ek bot út tsjin de biskuldigde.
,,De gevangene is een uitlandsche vagebond, een stoute bedelaar en een jood van de allerslechtste soort,,.
As der fonnis wiisd is, jow ik dat mooglik noch wolris troch.
In ûnrêstige âldjiersjoun.
Hwerom, freegje ik my ôf, moast ik nou. al dizze dingen yn 't âlde jier noch kwyt?
'k Hie se better binefterhâlde kinnen, mar it stiet der ienkear.
ALDJIER FARWOL!

Albertus,

Gaest, 14 april 1763.

Soe men de_flagge net útstekke?
Fan’e moarn hawwe wy in jonkje krigen in stamhâlder!
Seit it sprekwurd: ,,Ryk fan bern is earmeljus seine,', nou, dan is dy seine hjoed ús part wurden en binne wy rikelju.
Nei de beide famkes, Aaltje (neamd nei grootmoeder) en Ybeltje (neamd nei beppe) hiene wy alhiel net mear op in soan rekkene.
In tredde dochter hiene wy grif nei tante Johanna neamd, dy't altiten wer in ,,reddende engel” foar ús is.
As ik Angeniet leauwe mei is ús lytse Pierius it moaiste jonkje dat ea berne is.

Gaest, maert 1765.
Lokkich en tankber binne wy mei de berte fan ús dochter

JOHANNA.