Gaest, 24 jannewaris 1766.

20 nov. 1765 leit al wer gâns in tiid efter ús.
It brief fan vaders forstjerren hie tante har tige neinommen.
Sûnt dy tiid hawwe wy it drok hawn.
Ynventarisaesje fan de boel, tarissing foar it forkeapjen fan it lytshús en it hofke, it stikje greide ûnder Ferwâlde en hwat der allegeame oan fêst sit.
Der komt jitte by, dat de bineaming nei Furdgum ôfkommen is.
Der moast nou risselwaesje makke wurde foar it forfarren, hoe en troch hwa?
It nije rinderdak, it bisetten fan in stikje lân en hwat mear oan 'e oarder komt mei itjinge dat mem forlit en itjinge dat men hopet to krijen.
Der binne twa stikjes ,,schoolland" fan elkmis 2 en in heal pounsmiet en de tsjerke hat ek gâns hwat lân, dat ... en maeije rint hurd oan.