Gaest, 5 febr. 1766.

De forkeap fan lytshús en hofke en de 2 en in heal p.m. ,,Geare" is fêststeld op 1 juny.
Wy forfarre de 1e fan maeije-moanne.
Jan Sjirks, de snikskipper op Boalserr en Snits, sil ús hawwen en hâlden nei Furdgum bringe.
Hy hat by ûnderskate skippers út 'e Biermen fornommen nei de to farren route: oer Frjentsjer, Trimolen, Hegesyl, Tsjummearum troch de buorren en dan in ein de Minnertsgeaster feart yn, de Furdgumer opfeart foarby en dan it Bildtse-feartsje yn, oan it earste hege tiltsje ta.
Oan 'e westkant is de opslach fan Haitsma-state.
De snikke kin deun oan it hiem komme.
Haitsma-state wurdt ús honk dus.
Tante Johanna har skreppen foar ús hat fortuten dien.
Dr. Epeüs Wielinga hat tasein dat wy in part fan de hiemtún hiere kinne, mei de helte fan de wente, it foarein fan de âldpleats Haitsma-state, earder Lyts- Folta neamd.
Op 28 maert sil to Pitersbierrum de keapakte tekene wurde.
It oare diel fan it hoarnleger kriget de ûntfanger Sjoerd Jacobs mei syn frou Sjoerdje Freerks, ús buorlju dus.
Wy hoopje dat it goede buorlju wêze sille.
It hiele hoarnleger is oant Petry 1766 ta yn gebrûk by Piter Janzen.
Mynhear Wielinga hat in diel fan it hoarnleger fan (of mei) de erven fan Haitse Pabes, by syn libben ûntfanger to Pitersbierum, koft, ek mei foar ús bistean en wenjen.
Tûzenkear ús tank, tante!
Epeüs Wielinga, riedshear yn it Hof fan Fryslân, wie in soan fan mefr. Wielinga- Westerhuis, pleechmem fan tante.
Hja is opgroeid mei Epeüs yn it gesin fan de postmeester Joh. Wielinga.