Furdgum, 25 maeije 1766.

Goed oankommen op 'e 1e maeijedei.
't Bigjint der nou op to lykjen, ek yn 'e hûs.
Yn 'e skoalle is it hear gau oer to sjen.
Gaest wie lyts, Furdgum noch lytser.
Lykwols, út 'e omkriten dripket it moarns noch al hwat oan.
It doarpsgebiet fan Furdgum is gâns binei it Wiid by Rie oant Dykshoek ta.
Mar der binne noch al hwat oerrinders, bûtenbuorsterbern út de buordoarpen Minnertsgea en Tsjurnmearum.
De bern: itselde slach as yn Gaest.
It lân is yn 't sied, der komt al hwat op. It liket skoan.

Furdgum, 17 juny 1766.

De saken yn Gaest binne ôfwikkele.
Brief út Ljouwert.
Tante Johanna wol graech witte en sjen hwer't wy bilânne binne.
It wachtsjen is op in goede gelegenheit.

Furdgum, 20 septimber 1766.

Op dizze moaije hjerstdei stapre tante Johanna út 'e phaëton fan Epeüs Wielinga.
Dizze komt tsjinwurdich noch âlris op Hottinga.
Sûnt 1758 is de pleats forhierd oan Gerrit Jans, mei de bitirngst, dat de Ljouwerter famylje in pear keamers en hwat oar geriif hâldt.
Lykwols hat de slothear plannen de lannen los to forhieren.
Pieter Sjirks en Haitse Pabes binne de greate gadingmakkers.
It soe dan ek yn goede hannen komme.
Moandei moat mymhear Epeüs wer yn de stêd wêze op ‘e sitdei fan it Hof. Koe it moaijer?
De snein oerbliuwe!
En nou moast de skoalle bisjoen wurde dêr't Bart syn deistich wurk hie, sei hja . . .en de tsjerke, hwer't mar komselden preke wurdt en dan noch by de graesje fan Tsjummearum, mar nou snein dan dochs wol.
Ek de tún, ja wisse! It hiele hoarnleger.
,,Dit is my net alhiel frjemd," sei hja.
,,It mei my noch bêst heuge, dy reis nei de Beinten ûnder Minnertsgea mei Teacke Jans, de arbeider-koetsier fan Hottinga-state.
Hjir moast Mary, it âlde rydhynder, doe efkes útpûste.
It hoarnleger wie doe fan mefr. Dieuwke Westerhuis en de biwenners goekunde."
Foar ús wie Haitsma-state doe noch in frjemde namme út in frjemde oarde.
It waerd in wûndere joun, dy fan 20 septimber.
In ,,memorabele", dêr't fleur en memento beide har gerak krigen.
Frâl it lêste.
It gyng foar ús lâns, de macabere stoet: Beetsterswaech, Dronryp, Gaest, mei vader en moeder van Gelder, de pastorij en de skoalle noch flymjend skerp yn 't ûnhâldt, vader Wieger, grootvader Petrus, tante Lumine, grootmoeder Wiegertje en Aefje Simery en Dieuwke Westerhuis fan de postmaster-generael . . . en der wie gjin piipoargel (it wie forboelguodde), dat ús leed forklankje koe.