Furdgum, 22 septimber 1766.

Ofkundige waerd: ,,met attestatie ingekomen uit Gaast en Ferwoude Angenietje van Gelder, 42 jaar, huisvrouw van Albertus Winsemius.
Belijdenis des geloofs zal worden afgelegd door Albertus Winsemius, met doopattest uit Gaast en Ferwoude, oud 41 jaar."
Dat tante dat nou just treffe koe! . . . mar ik bigryp it nou mei Simson: ,,als gij met mijn kalf niet geploegd hadde, gij zoudet mijn raadsel niet geraden hebben."

Hjir eindiget it DEIBOEK. Abrupt en foargoed. De oarsaek? Fortriet? Gjin libbensmoed mear?
Nammers, it skriuwen fan in deiboek, dat hichten en lichten, ljocht en tsjuster fan it libben werjaen sil, is muoisum wurk.
Sykte en swierrichheden yn 'e hûs? It skrale ynkommen? It lân? Fragen sûnder antwurd.
Net iens, en it lit him bigripe dat syn feardige pinne dêr wegerje soe, is der oantekene, dat yn 1768 Angenietje him kaem to ûntfâllen en noch sa jong.
Ek syn twadde houlik, yn 1771 mei Tietje Melis fan Frjentsjer, net.
Fan syn aktiviteiten as doarpsrjochter is ien akte biwarre bleaun.
Dat is in forklearring dy't berikt is yn in proses oer de opfeart (Visschersvaart) fan de pleats Koehoal ûnder Easterbierrum.
,,Sent Everts, Schipper tot Tzummarum en Jan Dirks, Visser en arbeider onder denselven dorpe, verklaren door desen, ons seer wel bewust te zijn, dat voor ongeveer 40 jaren de opvaert van de Plaats genaamt Coehoel onder den Dorpe Oosterbierum, tegenwoordig door Hessel Sijmons bewoont, (strekkende van de Hieminge af tot aan het Vissers Hout ) toen ter tijd door de Bewoonder en mede Eigenaar Yge Hebbes op Costen der voorn. de plaats Coehoel is opgeslat, en sedert altoos sonder eenig tegenleggen van ymant tot een opvaart van voorn. de Plaats Coehoel is gebruikt ..."
It stik hat as slot: ,,Bereid zijnde 't selve met Eede te bevestigen, in kennisse onse Handen, beneffens die van de ondergeschr. Dorpr. als getuige Actum den 1ste Febr. 1772."
Sent Everts tekenet mei in figuerke; hy hie blykber it skriuwen net leard.
De doarpsrjochter Winsemius skriuwt dêr by:
Dit merk heeft Sent Everts selfs gestelt.
Fierdere ûndertekening: Jan Dirks. Me praesent A. Winsemius, Dorpr. in Firdgum.

Albertus is yn 1782 forstoarn.
Dêr't de sinne opkomt oer Opsterlâns heidefjilden en beamwâllen waerd hy berne (1725).
Syn SINNE stie op 't heechst, mei Angeniet op 'e side, to Gaest en gyng ûnder dêr't de sinne yn sé sakket, efter de sédyk fan Barradiels kusten.
Dêr wie de ein fan de reis.
De hiaten yn de tsjerklike registers hálde faek dingen binefter dy't wy sa graech witte woenen.
Sa ek de stjerdei fan Albertus.
Tante Johanna hat him oerlibbe.
Ek it boek fan ,,overIedenen" fan Ljouwert soe dy dei foar ús binefter hâlde, mar it "Liifrinte-register fan Fryslân" joech har stjerdei oan: 15 septimber 1783. l)
Fan har libben hearre wy foar it lêst as Jan baron van Echten, grytman oer Barradiel, yn 1778 trout mei Eritia van Wielinga.
Yn it "Houwlike Contract" fan dizze jongelju wurdt Johanna Winsemius in legaet tamakke fan "één duisend Caroly Guldens. "
Hja is 85 jier wurden.
As in twadde mem hat se Albertus (Bart) op syn paden folge.
Fan 'e Sweach oant Furdgum.