1) Liifrinte-register 1624-1809 R. S. Roorda †

OANHEAKKE GENEALOGY Dizze Winsemius' genealogy is der by ynsletten om it DEIBOEK fan ALBERTUS de SCHOOLDIENAAR en DORPSRECHTER to biselskipjen op 'e reis bylâns harren dy't niget toane, sa sibbe as frjemd.
Bilangstelle ek foar it feit dat sa faekde manlike opfolging en dermei lykop ek de namme yn goede foarm, faei stie en as oan in sidene tried hong.
De genealogy is net folslein, hja eindget mei it neamen fan de nammen fan de fjouwer bern fan Albertus en Angenietje: Aaltje forneamd nei memme kant, Ybeltje nei heit syn kant, Johanna nei de sa soarchsume en tagediene tante Johanna en Pierius as in fraechteken neist oaren yn de famYlje.

It boekje waerd wijd ta in leaf oantinken oan myn frou.
By it houlik 16 juny 1906 fan de skriuwer mei AUKJE JANS, dochter fan JAN ABRAHAMS van der WERF en CORNELIA HENDRIKS BONNEMA waerden twa âlde fryske slachten oaninoar bisibbe.

Dat fan Jan Abrahams stuollet yn Wergea, dêr't om 1700 hinne YSAAK SIBES, skûtmakker en Siebrich Machiels de helling fan Siebrich har âlde liu: MACHIEL JANS en HINKE WOPKES foar 431 g.g. keapje.
Soan ginneraesjes fan heit op soan skûtmakkers ( 1610-1927 ).
De reisroute gyng fan Wergea oer Drachten nei BURGUM(daem).
Yn de foarste jierren fan de 19de ieu waerd it bidriuw hwat súdlikeroan forpleatst nei de Nije daem ta.

Fan Winsemius is it komôf it terpegehucht WESTERHITSUM.

De wearde fan in genealogy dijt út nei gelang foarfaerslibben jin dúdliker foar de geast roppen wurdt.
Net allinne leed en wille, wolfeart en tsjinstuiten, it op en del gean mei it tij fan de tiid, mar ek harren dwaen en litten, har deistich wurk, wurdt jin mear eigen.
Underskate fotokopijen meije tsjinje as dokumentaesje op itjinge Albertus en tante Johanna ús tabitrouden.

Gâns tank binne wy skuldich oan de hear W. Dolk fan it Ljouwter Stêdsarchyf en oan de hear W. H. Keikes, earder streekarchivaris to Dokkum, foar de kundige help yn mannich gefal.

P.B. W.