25- 03-2017

Yn it sintrum fan Easterbierrum is sneon in stambeamtafel ûntbleate.
It giet net om in tafel mei in stambeam fan in famylje, mar om in tafel dêr't alle nammen fan de bewenners yn stean.
It ûntwerp fan de tafel is fan arsjitekte Nynke Rixt Jukema.
De tafel is bedoeld as kadootsje foar it doarp, as kompensaasje foar de oerlêst troch de sâltwinning.

Omroep Friesland