Tsjommearum hie twa dagen de feestmûtse op.

Elke Tsjommearumer hat de leste twa dagen drok yn aksje west.
It drokste hawwe de mannen fan it bestjûr fan ‘e ,,Vereniging van Volksvermaken”,dy ‘t twa dagen feest op tou set hiene fanwegen it 75-jierrich bestean fan har feriening, it wol hawn.
Hja hawwe har faekris it swit fan ‘e foarholle feije moatten.
Mar hja kinne tebek sjen op twa slagge dagen.

Dat it sa slagge, wie to tankjen oan it feit, dat eltsenien, jong en âld, mei die, lykas men dat wend is by doarpsfeesten.
De manlju hawwe har de earste deis stiif keatst.
De froulju binne wol tritich kear tusken har húzen en it feestterrein op en del kroaske om de iterij thús foar elkoar to hâlden en tagelyk ek noch hwat fan ‘e feestlikheden mei to meitsjen.
Manlju en froulju hawwe har de twadde deis útinoar flein mei allegearre spultsjes.
De bern hawe skrept en wrotten om in pryske. Hja hawwe dounse en har foar in lytse fergoeding yn ‘e rounte gyselje litten yn in sweefmoune.
De Tsjommearumer feesttaert wie fierders opmakke mei oaljekoeken, muzyk fan it korps.
Feestmûtsen op feestbollen, hwat hertichs en minder hertichs foar toarstige kielen en ,,ijsco’s” foar ‘e bern.
Lokkich foar ‘e bernemagen, ijscomannen en it feest wie it wol ijscowaer.
De earste deis hawwe de manlje keatst.
Der is fûl keatst, sa’t men dat iyn ‘e bouhoeke kin .
De jouns kamen de radio-artysten foar ‘e fuotljochten yn ‘e feesttinte.
Justerjoun, de twadde deis , wiene der spultsjes foar de âlderen.
Der is kroade.
In manspersoan en in frommiske elts in hânsel fan ‘e kroade beet, in bal op ‘e (platte) kroade en dan om it hurdste tsjin in oar kroaderspear.
De middeis gongen de bern it muzyk foarop troch de buorren.
Dérnei wie it dounsjen foar it jongfolk en spultsjes foar , e bern.
Der wie de middeis in protte folk op it feestterrein.
De manlju sieten mei niget to sjen hwat him op it terrein ôfspile en gloepten sa nou en dan ris efkes fuort nei de tinte om hwat stjin ‘e toarst yn te nimmen.
Foar har oer oan ‘e oare kant fan it terrein sieten lange rigen froulju, yn drok petear, mei efter harren de berneweinen. En oer alles hinne spile it muzykkorps—net to ferslaen.
Op ‘e neimiddei wie der hurdfytsen foar ‘e fammen.
Der wie hwat feroare oan ‘e kamrêdden fan ‘e fytsen, sadat de froulju har útinoar traepje moasten om foarút to kmmen.
Der wiene hiel hwat spannende ritten by.
De fytsen stigeren bytiden ûnder it frouljus gewelt.
Neidat men fluch efkes iten hie tusken de bidriuwen troch,gong it jouns wer nei de feesttinte, der ’t it selskip Tetman de Vries ,,De tiid sil ’t leare”spile.
En oant let yn ‘e joun hie de sweef jit drok draeijen, de oaljekoeklju drok bakken, de ijsco-mannen drok smarren- en it folk drok laitsjen.

L.C. 2-7-1954.