Foto: W.Leistra

FURDGUM YN DE WINTER FAN 1929

MIMERJE.

Der hingje treannen oan de beammen
Rimpeliche en brúne bléden
rûgelje en sweefje yn é wyn
Jouwe harren del op é wite groun
knisperjend yn hin deastriid
De tûken keal efterlittend

Troch in finster yn de keamer
sjoch ik ’t doarpstuorke neaken en bleat
útstekken boppe it mistreastiche hôf
wer’t minsken lizze dy it ús ferlitte moasten
Út é beammen falle kâlde drippen
Spatte útinoar op hurde steannen
dy ít grèf ôfdekke

Efter de nammen op de steannen
skûlje skiednissen fan minsken
Op it hôf kinne jo harren libbensboek
wer efkes iepenslaan
Kinne hja noch ’n pear haadstikjes
oerléze út de striid van eartiids

Beamstobben stean iensum
mei wite petsjes fan snie
as beweitsjers swijsum roun it hôf

Lûd roppend fleane kloften guozzen
yn formaasje nei it súden
My harren wite fearren stekke hja skerp ôf
tjin de kâldblaue loft
Yn de toer mingt it lûd fan it Angelusklokje
har mei de fûgels ta in aubade oan de natûr

Rynske strielen fan de leeche sinne
jout it terpelânskip in betsjoenende sfear
De hiele loft liket fol mei ûnthjit
Lykas swarte pinnestreken binne dyken
troch it lânskip lutsen en losse efkes letter
wer yn de fjirte op

In iensume reedrider skarrelt oer de meanderende
sleatsjes, tsjin de kâlde wyn yn op hûs oan
Weimimerjend dream ik werom yn é tiid
Hear in klepperjend lûd
‘k Sjoch in prachtig moai spantsje gitswarte
fryske hynders dy in âlde ryk optúge
sjees troch de homeiepeallen
fan de histoaryske Kamstra-State lûke
It sil de pachthear wol wéze nim ik oan

De beammen oan wjerskanten fan de dyk
bûge, twongen troch de wyn, nei it easten
By it bakkershûs leit in skipke yn é sleat
heech optaast mei hout en baalders
De kromme réch fan de âld skipper
bealgjet de brânje foar “geeft ons heden”

Yn de skoalle hear ik lûden fan bern
Ûnder lieding fan master binne se dwaande
mei âlde fryske sankjes te learen as:
‘Ynske op é baan, wolst it wol dwaan?’
Bibberich en wifeljend klinke de bernestimkes
It Calvinisme hâld it ynbandich

Bûtendoar wurde út de skoarstienpypkes
fan de braakhokken, stjonkende, smoariche
reakfleachen de loft yn blazen
It is réstich yn it doarp
It bûtenwurk is dien

Yn de skuorren fan de pleatsen
hearre jo ritmyske lûden fan it rûpeljen
Der wurd omraak hoasse en rochele
Thús giet it wurk gewoan troch
oant se net mear kinne
It linnen wurd djoer betelle

Ik sjoch wurkers op hûs oangean
begeliede troch mâljeiende opslûpen bern
Op é tafel by it jounsiten leit it grutte Boek
De hânnen gear, de holle del
Tankber foar it deistiche brea

Op é lytse grientetúntsjes efter de hûskes
yn it skaad fan de braakhokken
stean de léste reade en griene koaltsjes
In pear kekkes jouwe wat molke
foar de lytse poppe
De húshâlding hokt gear yn ien keamerke
Troch de bedsteedoarren hinne, hearre
de bern praten oer de deistiche soargen

Bûten ljochtsje de stjerren op yn é jounsskimer
en toverje mei it stâlpantsje en de
grutte bear, in skilderstik op é himelsouder
Op é toer fan it doarpke stjit de hoanne
efkes yn in ljochkrâns

Dan winket de nacht
De allesferskuorrende stiltme
wurd ferbrutsen troch it lûd
fan in skriemende ko
Yn é fjirte byljet in houn
In leeche tichte damp leit oer it fjild
De wrâld lyket yn twa feantsjes fyke
Pleatsen sweefje efkes yn é loft
It tuorke is los fan de groun
Keppels skiep wurde wei yn é stodamp

Efternei sitten troch in gouden sinne
skrept de koperen moanne
har nei in oare wrâld
Rounom liede tsjerkeklokjes
Fiif kear litte se harren hearre
“Stean op it is dei” lykje se te roppen
De nacht hat it wér ferlern

Op ’t stalt steane de bussen klear
De keatlingen rammelje
Kealtsjes gjalpje om iten
Út de kowejaaren dript molke
Rûpelbanken stean wer klear
om it glédde flaakssiid
fan de stâle te skieden

Ûnderwylst is it lânskip yn rést
Is it foar in skofke skyndea
Mar dit is in drochbyld
Libbenskréften wurde tydlik
bedimme om sike te heljen
oant de groun wér iepenbrekt
Dan daagjet de natûr ús op é nij út
der wat fan te meitsjen
Wer in haadstik yn te foljen
Yn é striid om it bestean.

Herman.