Simpel

De moraal fan dit ferhaal is hiel simpel
en leit eins alhiel foar de hân
wy jouwe de bisten faaks in stimpel
fan die hawwe gjin ferstân.

Mar de atoombom is troch minsken útfûn
en it moaie troch bisten it meast wurdjerre
want minsken smite oalje op ‘e see en fergif yn ‘e grûn
en litte in protte bisten útstjerre

sa kinne bisten in grut foarbyld wêze
want it fersmoargjen hienen hja gjin diel oan
en sa kin men ynkoarten grif yn ‘e krante lêze
net de minsken mar de bisten hawwe it ferstân.

Geartsje Suierveld
December 1995