DE REIS

Muoike woe op reis
mar wist noch net krekt wêrhinne
Dat fertelde se my okkerdeis
se woe op wei nei de sinne

Se soe in reis útsykje en fuortdaliks betelje
nei Sina ta dat like har wol skoan
se moast noch efkes in malariaprip by dokter helje
Muoike wie fol fjoer en stie hielendal yn ‘e brân

mar op in nacht dreamde se hiel eangstich en wie alhiel oerstjoer
en seach allegearre Sinezen om har hinne
en sels siet se yn in grutte pôt mei fjoer
kjel waard se wekker en woe de reis net mear begjinne

en doet ik muoike de oare deis seach wist ik net hoe’t ik it hie
se hie begûlde eagen en in reade noas
ik wist eins net wat der wie
want muoike wie hiel oars as oars

En dêr kaam it hege wurd der út
wat moast sa ’n âld minske yn frjemde lannen dwaan
muoike naam dy deis har beslút
ik wol my net ûntjaan

mei sa’n reis komt der hiel wat op it aljemint
ik bin gjin tweintich mear, bist net wiis
en sa besparje ik in fikse sint
ik bejou my net op glêd iis

Hjir yn Skettens libje ik sa fredich mei myn freonen en de kat
en ha in prachtich útsjoch oer it fjild
en eangstich tocht se noch wolris oan de sinese pôt
se woe net fuort, nee foar gjin jild.

en juster waard ik troch muoike skille en tocht: no sille wy it ha
en moaike frege fleurich “sille wy moarn nei de Sinees ta?”
en ik sei”Jawis dat dogge wy hear!”
en doe tocht ik, lokkich, muoike hat har slinger wer.

Geartsje Suierveld juni 1993