Foarby

Piipkrūd en būterblommen sjoch ik lans it dykje stean
Ik lit noch efkes myn tinzen nei eartiids gean
Ik gong doe nei beppe op myn fytske en sjoch de bylden wer
Mem weau my śt, sei dan: ‘Foarsichtich hear!’’

Ik fielde my sa grut op myn fytske hielendal allinne
Hie noch gjin each foar de blommen om my hinne
Pas letter seach ik de blommen bloeien lāns de dyk
fūn alles sa moai, as in plaatsje gelyk.

De loft is blau, de blommen stean te glānzjen yn de sinne
Noch efkes nei beppe, wat woe ik dźr graach noch in kear hinne
Ik rin oer it dykje en lit myn tinzen gean
Bliuw noch efkes by de blommen stean.

Dit dykje mei it piipkrūd en hjir en dér in fūgel yn ‘e loft
is einliks in bytsje myn dykje, want ik kin it al sa ’n skoft
Dit dykje is eins in lyts bytsje fan my
ik tink oan beppe en it fytske en ik wit it is foarby.

Geartsje Suierveld