LYTS

Hy is in man mei net safolle wurden
men sjocht him faak mei syn grize hier
yn it doarp Seine se it is in hurden
hy libbet sa syn libben hast al tachtich jier

Hy hat it wol besjoen yn dizze wrāld
hat fan in soad praatsjes gjin ferlet.
Docht krekt as lit alles him waarm noch kāld
mar wat der werklik yn him omgiet wit men net

Hy is in bistefreon, elts seach it as er mei syn hūn rūn
dan glimke er en de hudde tearen feroaren om syn mūle
want syn grutske freon dat is syn hūn
efter it noartske hat er syn djipste gefoel ferskūle

En jūns by de grutte tafel yn it skynsel fan it lampeljocht
as it hūntsje ticht tsjin syn fuotten oan lei
ha se tegearre mannich oerke trochbrocht
dan wie er net dy hurde sa as elts sei

Sa ūnopfallend libbet er syn libben
mei syn hūntsje en de āld fyts
oan ‘e būtenkant in noartske man
mar mei in hertsje och sa lyts

Grartsje Suierveld
februari 1996