GEFOEL
Do spilest de klucht, mar bist hiel oars as oars,
want de glāns yn dyn eagen sjoch ik net mear.
Dyn gesicht hast moai ferve mei in reade noas,
dy sa te sjen docht my wier sa sear.

Yn in read mei giel pak dūnsest yn ‘e rūnte,
mei dyn grutte wite punt-skuon oan.
Tsjin de bern makkest grapkes en lakest,
en litst neat merke en dochst hiel gewoan.

In protte wurd faeks sūnder wurden sein,
en dy triennen wolle wy faeks net wéze,
mar dochs kinne wy hieltyd wer
ut ‘e eagen wer sa’n protte leze.

Dit stille fertriet fan dy
haw ik my wier och sa oanlutsen,
mar do lakest en dyn gefoel
sit djip ūnder de ferve bedutsen.