De linebeam

Al jierren stiet er op it plein
en hat dêr it moaste plakje fûn
yn ‘e hjerst falle grif
alle bléden op ‘e grûn.

Dan wurde tûken kealer
en blêden falle ien foar ien
en rein, wyn en stoarmen
het er hieltyd wer trochstien

en faek mei tongerbuien
as de wyn aardich oanluts
by it fjoer fan de wjerljocht
wie it krekt as er dan bruts

en yn ‘e winter waard er alhiel keal
en wie mei snie bedutsen
en fan alle froast en kjeld
hat er him nea wat oanlutsen

dan krige er sniebuien op ‘e kop
en wie wiet fan alle reinwetter
mar toch it giet wol wer oer
it wurdt grif wolris wat better

en dan kaam de maitiid mei de sinne
en nije loaten koe men sjen
en de fûgels sochten in moai plakje
en altyd wie der wer in nij begjin

en simmers stie er dan te pronkjen
mei alle griene blédepracht
mei dér oer de waarme sinne
en dérnei in soele nacht

en sa hat er hiel wat jierren
alle feroaringen folbrocht
op it moaste plakje op it plein
en hat noch lang noch net syn nocht

Geartsje Suierveld