JONKJE

Jonkje út Bosnië
do libbest tusken alle geweld
Mei dyn berneeagen hast dei yn dei út
de deaden yn 'e strjitten telt.

Bist as in skrutel haske yn ’e fâlle
yn in kooi opslúten en net frij
Oeral gewearen en stikkene húzen
en altyd bliuwe dy dy bylden by.

Grutte minsken dogge dy dit oan
alles is sa Swart om dy hinne
Mar sa’n lyts jonkje as dy
hat krekt sa’n ferlet fan de sinne.

Jonkje út Bosnië kinst do noch wol dreame?
tinkst dan ienkear komt de dei
dan komt de goede fee mei de toverstôk
en die hellet my hjir wei.

Dan komt de gouden koets mei hynders
op in dei samar by ús yn ‘e strjitte
dan wurdt it libben moai
en it fertriet sil ik dan gau ferjitte.

Want it is sa spitich as dyn bernejierren
aanst samar omflein binne
sûnder moaie mominten fan lok
dy ’t in bern bliid meitsje kinne.

Want yn dyn tinzen bliuwe printe
bylden dy ’t gjin inkel ferstannich minske woe
tusken it fjoer it iensume jonkje
dy ’t gjin bern wêze koe

Geartsje Suierveld
april 1993