It moaiste part

Lyts blier famke op dyn fyts
blidens kin ‘k fan dyn gesichtsje lêze
noch sa brekber, sa ūnbesoarge en lyts
mar op in dei silststo ek folwoeksen wêze.

foar dy sille alle wegen grif wol iepen stean
asto dyn blidens mar net ferliest.
kinst dan in protte rjochtingen gean
it is mar krekt wźrsto foar kiest.

hast in hiel libben foar die lizzen
dyn hier wapperjend yn ‘e wyn
kinsto sūnder ien wurd te sizzen
mei dyn lytse skonkjes noch sa fyn.

do kinst no noch net witte
wat it libben mei dy foar hat
dyn bennejierren grif nea ferjitte
it is it moaiste part.

Geartsje Suierveld
April 1996