TREAST

Dochs sil sto it wol ûnderfine,
dêr komt foar dy ek wol wer in lokkige tiid.
Dan sil de sinne wer foar dy skine,
droegest dyn triennen en bist wer in bytsje bliid.

Sjoch nei de natuer, sjoch nei it ljocht,
op in dei sil de sinne wer yn dyn libben skine.
Dan krigest oan it libben wer wat nocht,
sjochst dan de tryste dagen wer ferdwinen.

lenkear komt der grif foar dy in bettere tiid,
do kinst it op dit stuit noch net fine.
Dochs wurdst letter wer in bytsje bliid
en fersêftet it dyn fertriet en pine.

Dan sjochsto it moaie troch dyn triennen hinne,
it moaíe wat foar ús allegearre is betocht.
En fielst Wer de waarmte fan de sinne,
Nei de tsjustere nacht komt der foar dy wer it ljocht.