It fleantúch

In geit en een knyn woene ris tegearre mei fakânsje gean
se seagen allegearre advertinsjes yn ‘e krante stean
alles lake har wol oan
alles like har wol skoan

Doe kaam de knyn op in geniaal idee
lit ús in fleantúch bouwe, soks moat kinne
dan fleane wy oer frjemde lannen en de see
lit ús fuortdaliks mar begjinne

En de geit stimde dér yn mei
en doe op in sekere dei
wiene se drok oan it wurk, de knyn en de geit
en dat alles sûnder subsydzje fan de oerheid

De propeller koene se foar in prikje keapje by in sloperij
want sis no sels se hoegden alles perfoarst net nij
en buorman Bouke hie noch wol in âld stjoer
want alles wie sa rottekrûd djoer

Fan muoike Tsjitske krigen se tsjiltsjes fan ‘e âlde bennewein
en Ulbe hie noch wol in pear autostuoltsjes ut ‘e âlde ein
se wiene allebeide fol fjoer
al wie dit kerwei in Hiele poepetoer

De motor kaam efter it izeren gerdyn wei
en no moasten se de wjukken noch fersinne
en it duorre net sa lang dan kaam de dei
dan koe de reis begjinne

De bagaazje lei al efteryn
en de motor draaide, it wie in wûnder
dit hiene se net tocht in heal jier lyn
en alle minsken fûnen it hiel bysûnder

Mar o wee de propeller skeat út en elts seach him gean
en de wjukken en it stjoer fleagen der efteroan
allinnich Ulbe syn autostuoltsjes bleauwen stean
de dei wie foar de knyn en de geit goed bedoarn

Se skammen har en rûnen mei de siel ûnder de earm
en fielden har de sleauste bisten fan hiel Tsjummearum
en de minsken út it doarp hienen allegearre mei harren te dwaan
en woene har in ferrassing jaen

En doe op in dei waarden de geit en de knyn troch in grutte bus ophelle
en alle minsken út it doarp hiene de reis meiinoar betelle
en ik wit net as de minsken it seagen
mar de geit en de knyn hiene de triennen yn ‘e eagen.

Geartsje Suierveld
oktober 1995