FRIJ

Wêrom mocht sa ’n famke as Anne Frank
net boartsje en libje as elts bern?
Wêrom is hja nei in kamp brocht
en hat se har jonge libben sa betiid ferlern ?

Wêrom mocht se net folwoeksen wurde,
en útgroeie oant in prachtich Minsk ?
Want frij te libjen krekt as in fûgel
dat wie har grutste winsk.

Want minsken binne faak wreed,
ûnbegryplik, ûnminsklik wreed,
faak mei gjin pinne te beskriuwen,
safolle triennen, safolle leed.

Iensum siet se op har souderkeamerke,
en prate en dreamde oer letter,
Dat se mei har âlders nei it strân gong
en mei de fisken swimme soe yn helder wetter.

Wêrom mocht se de sinne net skinen sjen,
en de glâns fan bûterblommen?
Wêrom koe se net laitsje en sjonge
en is hja wreed oan’e ein kommen?

Yn ús tinzen bliuwt it famke mei donkere eagen,
dêrt sa’n soad berneleed yn stie.
Want mei ús soe se graech winskje
dat de wrâld frij fan alle ûnrjocht wie.