BERNE DREAM

Mei de hannen yn 'e bûse stiet er faak efkes op 'e seedyk,
fassinearre troch it moaie hat er hiel wat oerkes trochbrocht.
Mei de boatsjes op it wetter en de fügels fielt er him dér sa ryk,
sjocht it wetter skitterjen troch it sinneljocht.

Sa tinkt er oan eartiids doe 't er mei heit te fiskjen gie,
mei it boatsje en de fûke troch it sâlte wetter.
Hy wit noch krekt hoe heech it wetter stie,
Wie in dreamer en tocht al faak oan letter.

Dan tocht er, letter as ik grut bin en ik bin hiel ryk,
en ha jild by de rûs,
dan keapje ik foar mysels de hiele seedyk,
en foar ús heit en mem in hiel moai hûs.

Dan gean ik nei in waarm lân yn it winterskoft,
flean dêr mei in fleantúch hinne,
plôkje foar pake en beppe de stjerren út 'e loft,
en foar myn lyts suske de sinne.

Hy tinkt oan eartiids en syn bernedream,
en sjocht nei de boatsjes op 'e hege weagen.
In keardel as in beam
mei triennen yn syn eagen.