Nimmen wit

Mem mei it lytse famke op 'e earm.
Dit grutte lok makket har sa stil
Krektlyn hjir berne yn Tsjummearum.
En nimmen wit wat de takomst bringe sil.

Wêr sil se bedarje op dizze grutte wrâld?
As se grut is, wêr giet se dan hinne?
Hopelik fielt se har nea allinne.
En is der altyd ien dy't fan har hâldt

't ls te hoopjen dat se har sels wêze kin
en de wrâld skylk oan har fuotten leit
En eltse dei fleurich de wurden seit:
Ik kin wêze wa 't ik bin.

Mem hopet dat har dream útkomme mei
Dat se bliid wêze sil mei eltse dei.
As se mei beide fuotten op de grûn stean bliuwt
as de wyn tsjustere wolken yn har rjochting driuwt

Mem mei it lytse famke op 'e earm
Dit grutte lok makket har sa stil.
Noch sa feilich hjir yn Tsjummearum
en nimmen wit hoe it komme sil.

Geartsje